't Goy is in doarp yn de gemeente Houten yn de Nederlânske provinsje Utert. It doarp leit súdeastlik fan it haadplak Houten en hat 635 ynwenners (2021).[1]

Lokaasje 't Goy yn de gemeente Houten
't Goy mei dêrefter it Amsterdam-Rynkanaal

Fan 1966 ôf woeks it doarp út fan in útbuorren ta in doarp mei nijbou. Yn it doarp stiet it lângoed Wickenburgh fan 1381. It lângoed hat in wyt hûs mei in dowetoer, oprydleane en in grut bosk efter it hûs.

't Goy bestiet winliken út twa doarpen: It Alde Goy (Oude Goy, pleatslik ek it Goyse Dorp neamd) is in letmidsiuwsk doarp út de fjirtjinde iuw, dat ûntstien is om kastiel Ten Goye hinne. Dat kastiel wie ien fan de grutste kastielen fan de omkriten en de eigeners, de Hearen fan Goye, hearsken oer de onkriten.

It oare part fan it doarp leit justjes fierder op en stiet bekend as Nije Goy (Nieuwe Goy). Dat doarpke ûntstie om de bou fan de roomsk-katolike tsjerke hinne yn 1870. De wichtichste eleminten yn dat part fan it doarp binne fuotbalfjilden, in kafee, in roomsk-katolike basisskoalle, en in lânbouskoalle, dy't no as doarpshûs funksjonearret. Dit part fan it doarp stiet op de foto hjirnjonken.

De befolking hie eartiids syn bestean fan de lânbou en fruittylt. Hjoed-de-dei wenje der in soad stedslju, dy't bûten út wenje wolle, yn it doarp.

Oan de Tuurdijk binne oerbliuwsels fan in Romeinske filla ûntdutsen. It is ien fan de Romeinske bouwurken dêr't der yn de gemeente Houten spoaren fan fûn waarden.

Yn 1396 waard 't Goy troch ridder Jan van Rhijnestein fan Cothen plondere.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 't Goy fan Wikimedia Commons.
 
Houten
 
Doarpen:
Houten't GoySchalkwijkTull en 't Waal
Buorskippen:
HonswijkOud-Wulven
wizigje