Étretat is in plak en gemeente yn it Frânske departemint Seine-Maritime en de regio Normandje. Étretat makket diel út fan it arrondissemint Le Havre. By toeristen is Étretat bekend om de kliffen mei bûtenwenstige rotsformaasjes, dy't oan beide kanten fan it plak lizze. Étretat is in toeristysk sintrum mei in soad hotels, restaurants, winkels dêr't oantinkens kocht wurde kinne en oare toeristyske fasiliteiten.

Étretat
Flagge Wapen
Polityk
Lân Frankryk
Regio Normandje
Departemint Seine-Maritime
Sifers
Ynwennertal 1.242 (2018)
Oerflak 4,07 km²
Befolkingstichtens 305 / km²
Hichte 0 meter - 102 meter
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside Side Étretat

Untwikkeling befolking bewurkje seksje

Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 1999 2006 2008 2018
Ynwennertal 1.379 1.472 1.525 1.577 1.565 1.615 1.531 1.505 1.469 1.242

It besjen wurdich bewurkje seksje

 
L'aiguille
  • De klifformaasjes en de Aiguille (de "Nulle").
  • De houten merkhallen.
  • De Manoir de la Salamandre waard yn de 20e iuw boud troch arsjitekt Émile Mauge. By de bou brûkte hy dielen fan in 15e-iuwsk hûs dat yn Lisieux stie.
  • Villa’s yn de belle-époquestyl.
  • De Notre-Dame fan Étretat stiet eastlik fan it sintrum en is in romanogoatyske tsjerke út de 12e-13e iuw. Op it tsjerkhôf binne in grut tal kriichsgrêven.
  • De Chapelle Notre-Dame-de-la-Garde jout in skitterend útsicht op l'Aiguille.
  • Yn Étretat binne ek oantinkens fan de Atlantikwall te sjen.

Étretat is it lêst plak dêr't de L'Oiseau Blanc ("Wite Fûgel") sjoen is. It fleantúch ferdwûn yn 1927 by de oerstek oer de Atlantyske Oséaan, itjinge noch jimmeroan ien fan de grutste riedsels út de skiednis fan de loftfeart is. It monumint út 1963 yn de foarm fan in hege pylk betinkt de twa fleanders Charles Nungesser en François Col.

Keunstners bewurkje seksje

Sûnt de 19e iuw wurdt Étretat in soad besocht troch ferneamde ympressionistyske keunstskilders, dy't fral de krytrotsen op it doek fêstleine. Under de keunstners mei wurk fan Étretat binne û.o. Richard Parkes Bonington, Eugène Boudin, Jean-Baptiste Camille Corot, Gustave Courbet, Eugène Delacroix, Narcisso Virgilio Díaz de la Peña, Paul Huet, Eugène Isabey, Johan Barthold Jongkind, Eugène Lepoittevin, Henri Matisse en Claude Monet.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: