Aalden is in iesdoarp yn de gemeente Coevorden (oant 1998 Zweeloo) tusken Meppen (súdwesten) en Zweeloo (noardeasten).

Aalden
Polityk
Provinsje Drinte
Gemeente Coevorden
Sifers
Ynwennertal 1850 (2004)
Oar
Postkoade 7954
Koördinaten 52° 47' NB, 6° 43' OL

Typysk Drintsk sândoarp mei âlde Saksyske pleatsen en in mûne, de achtkante bultmûne 'Jantina Helling' (1890). Op dit plak waard al yn 1652 in standermûne boud. Dizze waard yn 1835 ferfongen troch in gruttere achtkante mûne, dy't yn 1890 by ûnwaar ôfbaarnde, wêrnei't de hjoeddeiske mûne ta stân kaam.

Aalden is bekend troch de pleats 'Hoes van Hol An' (1688), restaurearre yn 1965 en no in restaurant, en it bungalowpark Aelderholt (Landal GreenParks) mei swimbad en golfbaan.

Beskerme doarpsgesicht sûnt 1969. Oan de noard- en eastkant fan it doarp rint de Aalderstroom, dy't oergiet yn de Westerstroom, dy't it doarp skiedt fan Zweeloo. Beide doarpen lizze tsjininoar oan. Yn it noardeasten leit it net oanmakke Aalderfjild; yn it suden de Aalderesch.

Boarnen fermelde: Alede (1322), tAelden (1381-83), tho Eelde (1482) en Alen (1851-55). De útlis derfan is twaliddich: a) Aa-lede: wetterrin nei de A (it rivierke), b) âlde plant- of beamnamme: alud (bitter), aladh (fieding, spize), aldin (ytbere fruchtbeam) en/of alda (fruchtdragende iik).

Galery bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Plakken en buorskippen yn de gemeente Coevorden
 
Stêd: Coevorden
Doarpen: AaldenAchterste ErmBenneveldDalenDalerpeelDalerveenDe KielDiphoornEldijkErmGeesGeesbrug't HaantjeHolslootLangerakMeppenNieuwe KrimNieuwlande (foar in part) ● Noord-Sleen · OosterhesselenSchoonoordSleenSteenwijksmoerStieltjeskanaalVeenhuizenWachtumWezupWezuperbrugZweelooZwinderen