Abbottabad
Abbottabad (ایبٹ آباد) is in stêd yn de regio Hazara fan de provinsje Khyber-Pakhtunkhwa yn Pakistan. De stêd leit yn de Orashdelling, 50 km noardeastlik fan Islamabad en 200 km beëasten Pesjawar.
Abbottabad ایبٹ آباد | ||
Abbottabad yn Khyber Pakhtunkhwa | ||
Polityk | ||
Lân | Pakistan | |
Provinsje | Khyber-Pakhtunkhwa | |
Distrikt | Abbottabad | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 148.587 (2010) | |
Hichte | 1260 m | |
Oar | ||
Stifting | 1863 | |
Tiidsône | PST (UTC+5) |
De stêd is yn Pakistan ferneamd fanwege it moaie waar dêre, de goede ûnderwiisynstellingen (bynamme: Stêd fan de skoallen) en militêre ynstituten en dêr wenje in protte pensjonearre militêren.
Abottabad waard wrâldferneamd troch de oanfal op de filla fan Osama bin Laden op 2 maaie 2011 troch Amerikaanske militêren.
Juny 1948 iepene it Britske Reade Krús in sikehûs yn Abbottabad om de tûzenen pasjinten út Kasjmir, dêr't doe slim fochten waard, opfange te kinnen.[1] Op 8 oktober 2005 waard Abbottabad slim rekke troch de ierdskodding yn Kasjmir. It grutste part fan Abbottabad bleau oerein, mar in soad âlde gebouwen waarden ferneatige of skansearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Abbottabad fan Wikimedia Commons. |