Abdij Sion wie in Sistersjinzersabdij fan trappisten yn it Oeriselske Diepenveen yn Nederlân. Tusken de doarpen Diepenveen en Wesepe hie de organisaasje in gebiet fan mei-inoar 58 bunder yn behear. It kleasterkompleks dêr't de gebouwen fan foar in part út de ein fan de njoggentjinde iuw stamme, is erkend as ryksmonumint. Yn 2015 waard yn de kleastergebouwen in oekumenysk besinningsintrum iepene.

Abdij Sion
kapel en poartgebou (2006)
kapel en poartgebou (2006)
Lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Dimter
plak Diepenveen
adres Vulikerweg
koördinaten 52° 18' NB, 6° 11' EL
Kleastergegevens
oarde Sistersjinzers
oprjochting 1890
opheffing 2013
Ynformaasje bou
hjoeddeiske funksje oekumenysk besinningsintrum
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 508967
Kaart
Abdij Sion (Oerisel)
Abdij Sion
Lokaasje fan Abdij Sion

Yn 2015 setten de lêste kleasterlingen ôf. De oarder ferkocht it kleasterkompleks oan in stichting mei de namme "Nieuw Sion". De getijdengebeden waarden fuortset yn oekumenyske tradysje en der fêstigen harren nije bewenners. It gasthûs bleau iepen en der kamen in kleasterkafee en in bierbrouwerij. De stichting hat ta doel om it kleaster te behâlden as plak fan besinning, stilte en gebed.

In groepke mûntsen makke yn 2015 in "trochstart" op it eilân Skiermûntseach, dêr't hja sûnt jannewaris 2019 fêstige binne yn it eardere "hotel Rijsbergen" ûnder de namme Kleaster Skiermûntseach. Net alle oerbleaune kleasterlingen binne meigien nei Skier, in part ferhuze nei de trappiste-abdij fan Westmalle yn Belgje.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: