Adema, eins Adema 197, is de namme fan in helpboekko fan feefokker Simen Knol fan Hartwert, dy't oan de basis stiet fan de letter wrâldferneamde fokstâl, wêryn't rangnûmers begrippen waarden. Sa binne hast alle swartbûnte bollen en kij, wêr ek op de wrâld, besibbe oan Adema 197. Dizze bolle waard yn 1940 - 1941 preferint ferklearre. Ien fan 'e soannen fan Adema 197 wie Adema 25437, better bekend as Wytsturt (1938-1952).

Oant 1974 kamen trettjin bollen út de stâl-Knol, nei de dea fan S.A. Knol fuortsetten troch syn soannen Durk en Klaas, yn oanmerking foar in brevet fan preferintskip. Fan dizze preferinte stamheiten kamen njoggen út de adema-famylje. Yn 1974 ferovere Adema 729 it preferintskip twadde klasse yn it NRS-gebiet.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: