Adrianus van Wissen

Adrianus Leonardus van Wissen (De Haach, 1878 - Grins, 27 febrewaris 1955), yn fakliteratuer meast A.L. van Wissen neamd, wie in Nederlânske arsjitekt.

Hy wurke in protte yn Grinslân, dêr't er ferskate gemeentehuzen ûntwurp. Syn styl hat in soad fan dy fan H.P. Berlage (1856-1934). Hy wie de heit fan de Grinzer arsjitekt en keunstskilder Herman van Wissen (1910-2000).

Wurken (kar út) bewurkje seksje

  • 1907: Gemeentehûs fan Winsum
  • 1908: Gemeentehûs fan Uithuizermeeden
  • 1909/1910: Gemeentehûs fan Uithuizen
  • 1911: Gemeentehûs fan Ten Boer
  • 1912: Ferbouwing Schoenenmagazijn Meier, Grins [1]
  • 1912: Gemeentehûs fan Gruttegast
  • 1919: Gemeentehûs fan Kantens

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. RCE - Ryksmonumint 485767 (Herestraat 7, Grins)
  2. RCE - Ryksmonumint 513854 (Rijksstraatweg 70, Haren)