Afrikaanske oaljefanten

De Afrikaanske oaljefanten (Loxodonta) binne in skaai yn de famylje fan de Oaljefanten (Elephantidae).

Afrikaanske oaljfanten yn de Serengety
Baaiende Afrikaanske oaljefanten (filmke)

Soarten bewurkje seksje

Oant 2001 waard de Afrikaanske oaljefant beskôge as de ienichste noch libbene soarte yn it skaai. Yn dat jier hat genetysk ûndersyk lykwols útwiisd dat de boskoaljefant en de savanne-oaljefant aparte soarten binne en net ûndersoarten.

Dat skaai hat yn hiel Afrika libbe. De hjoeddeiske soarten stamje ôf fan de twa miljoen jier lyn útstoarne Loxodonta adaurora. Oant yn de 1e iuw of 2e iuw libben yn it noarden fan Afrika oaljefanten dy't beskôge waarden as in soarte apart fan de Afrikaanske oaljefant, de Loxodonta pharaoensis. It is noch net dúdlik of dy no as boskoaljefanten sjoen wurde moatte, of as in aparte tredde soarte.

Karakteristiken bewurkje seksje

De soarten út dat skaai hearre ta de grutste hjoeddeiske lânbisten op ierde. De bolle fan de savanne-oaljefant kin mear as seis ton swier wurde. Hja komme foar yn alle lânskippen fan Afrika, útsein de drûchste.

Afrikaanske oaljefanten binne tige grutte bisten mei in lange sloarf, grutte earen en slachtosken. De jongen wurde tige hierrich berne. Folwoeksen bisten hawwe noch koarte poathierren op de sloarf, en op it kin.

It binne herbivoaren, dy't meast yn groepen libje. De wyfkes libje yn groepen ûnder lieding fan de âldste en de grutste ko. It binne oer it algemien famyljegroepen. De wyfkes bliuwe in hiel libben by in groep. Sadree't der mear as tsien bisten yn in groep binne splits de groep him op. Freonskiplike bannen wurde ûnderhâlden tusken besibbe wyfkes út ferskate groepen. Mantsjes wurde at hja grutter wurde ferstjitten út dy groepen en libje dan ornaris yn losse mânljusgroepkes.

Klassifikaasje bewurkje seksje