Ahrensburchkultuer

De Ahrensburchkultuer (sa. 11.200 f.Kr. – sa. 9500 f.Kr. wie in let-boppepaleolityske, neffens guons mesolityske kultuer, yn de Jonge Dryas, de lêste iistiid foar de ein fan it Weichselien. Dizze kultuer is ferneamd nei it doarp Ahrensburch, 25 km noardeastlik fan Hamburch yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein, dêr't houten pylkskachten en knotsen opgroeven binne. Archeologen hawwe hjir trije wichtige delsettings fûn:

  • Meiendorf út de âlde Dryas, sa 10.000 f.Kr.– sa 9700 f.Kr., mei fynsten út de saneamde Hamburchkultuer.
  • Stellmoor mei in eardere laach fan de Hamburchkultuer en in nijere laach fan de Ahrensburchkultuer.
  • Borneck dat ek by de Ahrensburchkultuer heart.
Pylkpunt

De delsettings leinen destiids deun by de râne fan de iiskape, it lânskip wie toendra mei hjir en dêr yn groepkes steande sêfte bjirken en lysterbei. De wichtichste proai wienen de wylde rindieren en de jagers loeken troch in gebiet mei in oerflakte fan wol 100.000 km².

De delsetting Stellmoor wie mar in part fan it jier bewenne. By de opgravings binne de bonken fûn fan 650 rindieren, hja jagen op dizze bisten mei pylk en bôge. De pylkeskachten wienen fan dinnenhout makke mei karakteristike skaftunge pylkpunten fan fjoerstien op de ein. Ek binne inkele yntakt bleaune rindierskeletten fûn, mei de pylkpunten yn de boarst, wierskynlik hawwe dat offers west oan in hegere macht. Argeologen hawwe by de delsettings stiensirkels fûn, dy't mooglik tsjinne hawwe as fundearrings foar hûdetinten.

De relaasje tusken de Ahrensburchkultuer en de Hamburchkultuer is net wis. De delsetting by Jels yn Sønderjylland heart nei alle gedachten by de Hamburchkultuer. In oare kultuer fan rindierjagers, de Brommekultuer, is bekend út ferskate delsettings yn Denemark en fan opgravings by Segebro, deun by Malmö, dêr't safier bekend de âlde delsetting fan Sweden lein hawwe moat.

De Brommekultuer hearde ta de waarmere Allerød-interstadiaal tusken de Alde en de Jonge Dryas, ± 9700-9000 f.Kr., mei bosken sêfte bjirken. De Brommekultuer en de Ahrensburchkultuer hawwe sa'n soart oerien en lykje in protte op inoar dat se betiden tegearre de Lyngbykultuer neamd wurde.