Aldemardum is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren. It doarp leit yn it súdwesten fan de gemeente oan de Iselmar. Oant 2014 hearde it doarp by de gemeente Gaasterlân-Sleat. It doarp is by toeristen fral bekend om it Aldemardumer Klif.

Aldemardum
PKN-tsjerke 'De Fontein'
PKN-tsjerke 'De Fontein'
Polityk
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 1.395 (1 jannewaris 2023)[1]
Oar
Postkoade 8567
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 51' NB, 5° 32' EL
Besikersintrum Mar & Klif
Besikersintrum Mar & Klif
Lytse bank by de doarpspomp yn it sintrum
Lytse bank by de doarpspomp yn it sintrum
Offisjele webside
Webstee Aldemardum
Kaart
Aldemardum (Fryslân)
Aldemardum
Kaart
PKN-tsjerke 'De Fontein'
Himrik fan Aldemardum yn de eardere gemeente Gaasterlân-Sleat

It doarp hie op 1 jannewaris 2023 1.395 ynwenners.

Skiednis bewurkje seksje

De namme Aldemardum wurdt foar it earst neamd yn 1329, mar de earste delsettingen bestienen al foar 850. Eartiids feroare de namme fan ‘Meretha’, yn ‘Merthen’, ‘Maerdum’, ‘Merthum’ en ‘Mirdum’ nei ‘Aldemardum’.

Troch de âlde doarpskearn mei in brink docht Aldemardum wat Drintsk oan. Dy âlde, let-midsiuwske, doarpskearn bestiet út De Brink, de tsjerke (in ryksmonumint) en de Alde Buorren. Yn de 19e iuw waard de doarpskearn útwreide mei de Jan Schotanuswei en de Tsjerkestrjitte, beide mei in pear âlde pleatsen en huzen oan beide kanten fan de dyk. Midden yn it doarp Aldemardum stiet ek doarpshûs "'t Klif".

Gea bewurkje seksje

Aldemardum leit yn Gaasterlân, dêr’t yn 2007 sa’n 20 dasseburchten yn te finen binne. Der binne ferskate 'dassetunneltsjes' oanlein om it bist te beskermjen tsjin it ferkear. De das is ek de maskotte fan it besikerssintrum "Mar en Klif".

Gebouwen bewurkje seksje

  • "De Fontein": de protestantske tsjerke út 1790 mei brânskildere glês út 1790 fan Ype Staak
  • De "Bosktsjerke" út 1933 is in tsjerke fan de Grifformearde Gemeenten. It is simmerdeis ien fan de drokst besochte tsjerken fan Gaasterlân mei sneins bytiden wol fjouwer tsjinsten. In grut part fan it tsjerkefolk binne toeristen, dy't op de kristlike kamping "De Verborgen Hoek" yn Harich fakânsje hawwe.[2]
  • Loftwachttoer - De toer waard yn 1953 op de heechste heuvel fan Gaasterlân boud as útsjochpost foar it Korps Loftwachttsjinst.

Riniastate bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Riniastate (Aldemardum).
 
Riniastate yn 2009

De Riniastate leit eastlik fan Aldemardum oan de Star Numanwei. It hûs is yn 1843 foar Geertruida Wilhelmina Godarda Johanna Rinia van Nauta (widdo Drieling) yn neoklassisistyske styl boud neffens in ûntwerp fan de Ljouwerter stedsarsjitekt Thomas Romein. It hat in moai ynterieur.

Kippenburch bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Kippenburch.

In 19e iuwsk lânhûs fan grytman Gerard van Swinderen.

Stiennerûte bewurkje seksje

 
Balstien fan Aldemardum

De Stiennerûte is in rûte mei balstiennen út Skandinaavje dy't yn de foarlêste iistiid, 140.000 jier lyn, yn Gaasterlân komd binne. Se lizze op in soad plakken, as grins, as monumint of samar foar de pronk. Der lizze in soad op de hiemen mar der sitte noch folle mear yn de grûn. By tweintich stiennen binne ynformaasjebuordsjes delset.

De Mergelbult bewurkje seksje

By it Aldemardumer Klif, en deirekreaaasjeterrein "De Hege Gerzen" leit midden yn in stik lân in bysûndere heuvel. Op de heuvel steane hagedoarnen; de heuvel wurdt yn de folksmûle "De Mergelbult" neamd. Dy bult is oerbleaun fan de mergelwinning, dy't hjir om 1900 wie. Mergel is in mingsel fan klaai en kalk en kin as kalkdongstof brûkt wurde op lânbougrûn. It bysûndere heuveltsje is de stoartbult fan dizze graverij út ± 1900.

Mienskip bewurkje seksje

 
Loftwachttoer

It doarpskrantsje hjit "It Pompeblêd". It doarpshûs is fêstige yn it multyfunksjoneel sintrum "it Klif".

Tsjerken bewurkje seksje

Katoliken fan it doarp geane nei tsjerke yn Balk of Bakhuzen. Baptisten geane nei "It Beaken" yn Koudum.

Ferienings bewurkje seksje

  • Buertferienings: "De Buorrenhoeke", "De Grintfisker", "It Rûntsje", "Under de toer" en "De Ikebosker",
  • Feriening Oudemirdum Bruist
  • Damklup Aldemardum
  • Oranjeferiening
  • Pleatslik Belang Aldemardum
  • SF NOK - in omny-sportferiening dêr't fuotbal, follybal, tennis en gymnastyk yn ûnder brocht binne

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2007 2021
Ynwenners 1.013 882 862 842 928 1.330 1.380

Berne yn Aldemardum bewurkje seksje

Ferskaat bewurkje seksje

  • Der bestiet ek in DVD oer Aldemardum. Dêrop binne in soad ynwenners út de njoggentiger jierren te sjen. De DVD is makke by it 75-jierrich bestean fan Pleatslik Belang yn 1996. Ek bylden fan it doarp en omkriten binne derop te sjen.
  • It Aldemardumer Klif is ek de muoite wurdich. It besikerssintrum Mar en Klif jout ynformaasje oer it gea, de omjouwing en de kultuer fan it gebiet.
  • De Hege Gerzen - In populêre lokaasje foar strânleafhawwers en surfers.

Iepenbier ferfier bewurkje seksje

Strjitten yn Aldemardum bewurkje seksje

Alle strjitten yn Aldemardum.

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
De Fryske Marren
 
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
wizigje