Jozef Alexander Cohen (Ljouwert, 27 septimber 1864Toulon, 1 novimber 1961 wie in Nederlânsk sosjalist, anargist, skriuwer en sjoernalist.

Alexander Cohen
Alexander Cohen om 1900 hinne
Alexander Cohen om 1900 hinne
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
Frânsk
berne 27 septimber 1864
berteplak Ljouwert
stoarn 1 novimber 1961 (97 jier)
stjerplak Toulon
wurkpaad
berop/amt skriuwer en sjoernalist
reden
  bekendheid
Polityk aktivisme

Biografy bewurkje seksje

Cohen waard berne as soan fan de joadske winkelman Aron Heiman Cohen en Sara Jacobs. Hy waard gauris fan skoalle stjoerd, makke de HBS yn Ljouwert net ôf en kaam nei in ferbliuw by syn pake en beppe yn Prusen terjochte. Dêrnei naam er tsjinst yn it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger dêr't hy foar fergripen tsjin de dissipline trije fan de fiif jier yn it kasjot siet wêrnei't er per 22 maart 1887 ûntslein waard. Yn dat jier sette er him nei wenjen yn De Haach dêr't hy as korrektor wurke by Recht voor Allen, de krante fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis. By in yntocht fan Willem III yn De Haach op 16 septimber 1887 raasde Cohen: Leve Domela Nieuwenhuis! Leve 't socialisme! Weg met Gorilla!. Hy waard doe feroardield ta seis moannen finzenisstraf foar majesteitsskeining, en flechte nei Gint, wêrnei't er ûnder druk fan it Nederlânsk regear troch Belgje útwiisd waard. Cohen flechte nei Parys. Hy skreau dêr in artikel foar Recht voor Allen en learde dêr syn lettere frou Kaya Batut kennen.

Op 25 desimber 1893 waard Cohen Frankryk útwiisd. Dêrnei fêstige er him yn Londen. Yn 1896 gie er yllegaal werom nei Nederlân, dêr't er op 12 septimber arrestearre waard en doe noch syn finzenisstraf út siet omdat er wegere graasje te freegjen. Yn 1897 fêstige er him wer yn De Haach. Yn 1899 gied er wer nei Parys ta, dêr't er yn 1900 in ferbliuwsfergunning krige.

Yn 1904 die er yn opdracht fan it Frânske regear ûndersyk nei it ûnderwiis yn Frânsk-Yndosina en Nederlânsk-Ynje. Yn 1905 kaam hy werom yn Parys. Fia de skilder Kees van Dongen waard er korrespondint fan De Telegraaf. Cohen waard op 11 novimber 1907 ta Frânsk steatsboarger naturalisearre en fêstige him yn 1917 yn de buorskip Courcelles (gemeente Trélou-sur-Marne), mar yn maart 1918 waard syn boerespultsje by it Ludendorff-offinsyf troch Dútske troepen ferwoaste. Dêrnei ferhuze er nei Marly-le-Roi.
Nei't er Frânsman wurden wie, skreau er ûnder ferskate pseudonimen (Sandro, Démophile, Souvarine, ensfh.) en sette er oer. Njonken Domela Nieuwenhuis sette er Multatuli en Gerhart Hauptmann oer yn it Frânsk en Émile Zola yn it Nederlânsk.
Yn 1932 fêstige hy him yn Toulon. Yn dy tiid waard Cohen syn politike foarkar nei eigen sizzen hieltyd rjochtser, en skreau er bygelyks it boek Van anargist tot monargist. [1]

Syn frou ferstoar yn Toulon yn 1959. Cohen ferstoar dêr twa jier letter, 97 jier âld.

Bibliografy bewurkje seksje

  • De Paradox (1897-1898)
  • Uitingen van een reactionair (1929)
  • In opstand (1932)
  • Van anarchist tot monarchist (1936). Online hjir te lêzen
  • Uiterst links. Journalistiek werk 1887-1896 (1980; gearstald troch Ronald Spoor)
  • Brieven 1888-1961 (1997) ISBN 9053336427

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Pam, Max, "Lang leve de monarchie!", 22 maaie 2020. Argivearre op 31 maaie 2020