Alfred Jodl (Würzburg, 10 maaie 1890 - Neurenberch, 16 oktober 1946) wie in Dútsk soldaat en generaal.

Alfred Jodl

Hy wie de soan fan artillery offisier Alfred Jodl en syn oarehelte Therese Baumgärtler. Yn 1910 kaam de 20 jierrige Jodl fan de kadetskoalle yn München as artilleryoffisier fan it Dútske leger.

Yn de Earste Wrâldkriich focht er as artilleryoffisier yn 1914-1916 oan it westfront; yn de jierren 1917-1918 siet er as stafoffisier oan it eastfront.

Yn 1923 kaam er mei Adolf Hitler yn 'e kunde. Yn 1935 waard er generaal-majoar fan de Deutsche Wehrmacht. Dêrmei wie er yn de Twadde Wrâldkriich de heechste militêr fan de Dútske lânmacht.

Jodl hie yn de Twadde Wrâldkriich in wichtige rol yn de fjildtochten op de Balkan en de Sowjetuny. Op 23 maaie 1945 waard er, lykas de oare leden fan it Flensburchregear, arrestearre.

By de Prosessen fan Neurenberch waard er foar fjouwer punten oanklage en skuldich ferklearre:

Alfred Jodl krige de deastraf en waard ophongen op 16 oktober 1946. Hy waard 56 jier.

Yn 1953 kaam de saak Jodl nochris op it aljemint by in Dútske arbitrale kommisje en dêr waard fêststeld dat er inkeld syn plicht dien hie en net skuldich wie oan oarlochsmisdieden. Syn frou krige de besittingen werom dy't ôfnaam waarden yn 1946. Lykwols is it advys fan de kommisje ûnder druk fan de Beierske minister foar politike befrijding teneate dien.

Literatuer bewurkje seksje

  • Walter Görlitz: "Keitel, Jodl and Warlimont", yn Hitler's Generals, ed. Correlli Barnett. Londen: Weidenfeld and Nicolson 1989.
  • Luise Jodl: Jenseits des Endes: Der Weg des Generaloberst Jodl. Langen Müller, München 1987, ISBN 3-7844-2145-8.
  • Axel Kellmann: Generaloberst Alfred Jodl – Chef des Wehrmachtführungsstabes: Ein Beitrag zur Diskussion über das Verhältnis zwischen Wehrmacht und NS-Regime. Pirrot, Saarbrücken 2004, ISBN 3-930714-95-7.
  • Guido Knopp: Hitlers Manager. Goldmann, München 2007, ISBN 978-3-442-15423-4.
  • Kenneth Macksey: Generaloberst Alfred Jodl. Yn: Gerd R. Ueberschär (Hrsg.): Hitlers militärische Elite. Band 1, Primus, Darmstadt 1998, ISBN 3-89678-083-2, s. 102–111.
  • Bodo Scheuri]: Alfred Jodl: Gehorsam und Verhängnis. Propyläen, Berlyn, Frankfurt am Main 1991.
  • Alan Wilt: Alfred Jodl – Hitlers Besprechungsoffizier. Yn: Ronald Smelser, Enrico Syring (Hrsg.): Die Militärelite des Dritten Reiches. Ullstein, Berlyn, Frankfurt am Main 1995, ISBN 3-548-33220-X, s. 236–250.
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alfred Jodl fan Wikimedia Commons.