It Amaliapark is in park mei filla's yn Baarn. It leit oan de Amalialeane dy't fan it Stasjonsplein by it NS-stasjon nei it sintrum rint.

Amaliapark
Filla Amalia
Oarlochsmonumint

Park en leane binne by riedsbeslút fan 7 jannewaris 1876 neamd nei Amalia van Saksen-Weimar, de frou fan prins Hendrik de Seefarder. Prins Hendrik hie de grûn by it stasjon beskikber steld foar de ûntwikkeling fan in fillapark. Oan it park stiet in wyt beplastere filla fan twa boulagen, mei heaks op elkoar steande sealtekken en de filla Amalia.

Om it park stiet in smeiizeren rûnbôgestek mei leeljes. By it stasjon is it oarlochsmonumint fan Baarn goed te sjen. Hjir komme by de Deadebetinking op 4 maaie in tal strieljagers oer as earebetoan oan prins Bernhard dy't hjir mei keninginne Juliana op dy dagen steefêst in krânse lei.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Fred Gaasbeek, Jan van 't Hof, Maarten Koenders Baarn, geschiedenis en architectuur, Zeist 1994