Ambrosius Bosschaert

Ambrosius Bosschaert de Oude (Antwerpen, novimber 1573 - De Haach, 1621) wie in Nederlânsk keunstskilder fan blomstillibbens.

Libben bewurkje seksje

Koart nei 1587 ferhuze Bosschaert syn hûshâlding nei Middelburch yn Seelân om godstsjinstige redenen. Hy waard keunstskilder en keunsthanneler. Yn 1604 troude er. Yn Middelburch joech er ûnderrjocht oan syn sweager Balthasar van der Ast, dy't ek goed slagge as skilder fan blomstillibbens. Koarte tiid nei 1611 ferliet er Middelburch, libbe fan 1615 oant 1619 yn Utert en fêstige him úteinlik yn Breda. Hy stoar yn Den Haach doe't er dwaande wie mei it ôfleverjen fan in skilderij oan in tsjinstfeint fan prins Maurits. Syn soan Ambrosius Bosschaert de Jonge en syn twadde soan Johannes Bosschaert dienen letter itselde wurk as harren heit.

Wurk bewurkje seksje

Bosschaert wie in pionier fan it skilderjen fan blomstillibbens, hy makke der in nij selsstannich sjenre fan. De blommen waarden mei botanyske presisy wjerjûn. Sy komposysjes en kleurgebrûk binne yn in perfekt lykwicht. Van der Ast en Bosscheart's soan Ambrosius de Jonge skilderen ek yn dizze styl.

Galery bewurkje seksje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ambrosius Bosschaert de Oude fan Wikimedia Commons.