Amiens is in stêd yn Noard-Frankryk, yn de regio Opper-Frankryk en wie de haadstêd fan de eardere regio Pikardje. It is ek de haadstêd fan it departemint Somme. De stêd leit likernôch 115 km benoarden Parys oan de rivier de Somme en hat ± 133.000 ynwenners, dy't Amiénois neamd wurde.

Amiens
De katedraal fan Amiens (2012)
De katedraal fan Amiens (2012)
Polityk
Lân Frankryk
Regio Opper-Frankryk
Departemint Somme
Boargemaster Brigitte Fouré (2020-2026)
Sifers
Ynwennertal 133.891 (2018)
Oerflak 49,46 km²
Befolkingsticht. 2.700/ km²
Stêdekloft 301.835 ynw.
Hichte 14 - 106 m
Oar
Koördinaten
Offisjele webside
www.amiens.fr

De stêd waard stifte troch de Galjers ûnder de namme Samarobriva, dat "brêge oer de Somme" betsjut. Julius Caesar brocht der yn syn kampanje ta ûnderwerping fan Galje de winter fan 54 op 53 f.Kr. troch. De hjoeddeiske namme is ôflaat fan de destiidske bewenners, de Ambiani (dat oan beide ouwers betsjut).

Amiens hat in universiteit en is in wichtige yndustrystêd (tekstyl). De skriuwer Jules Verne hold in grut diel fan syn libben ta yn Amiens, stoar dêr en kaam dêr te hôf.

Verne syn namme waard ek jûn oan it stienen sirkus Cirque Jules Verne fan Amiens. It is ien fan de sân stienen sirkussen dy't Frankryk hat.

Op 25 maart 1802 waard yn Amiens de Frede fan Amiens tekene tusken Frankryk en Grut-Brittanje. De frede hâlde lykwols gjin stân.

It besjen wurdich bewurkje seksje

 
Belfort fan Amiens
 
Plein yn Amiens om 1905
 
Place du Dom, Amiens, 2012

De katedraal maakt eveneens deel uit fan in oar wrâlderfgoed, Pylgerrûtes yn Frankryk nei Santiago de Compostella. De tichtbysteande klokketoer heart ta in tredde soarte wrâlderfgoed yn dizze stêd: de Belforten yn Belgje en Frankryk.

  • it stiennen sirkus Cirque Jules Verne
  • De 'Hortillonnages' foarmje in 300 hektare grut sompich gebiet, dat bestiet út talleaze lytse folkstunen, dy't fan elkoar skieden binne mei krektlike folle talleaze smelle kanaaltsjes. De measte fan dy folkstunen binne allinnich mei in boat tagonklik. De namme "hortillonnages" is ôflaat fan it Pikardyske wurd "hortillon" dat "warmoezenier" of "túnbouwer" betsjut. It wurd "hortillon" is dan wer ôflaat fan it Latynske "hortillus", wat stiet foar "lytse tún".
  • De 'tour Perret' waard yn 1942 ûntwurpen troch de arsjitekt Auguste Perret. Se paste yn it ramt fan in grut weropbouwingsprojekt yn de buert fan it stasjon fan Amiens dat foar it meastepart ferwoaste waard yn de Twadde Wrâldoarloch. Yn 1949 waarden de wurken oanpakt, se duorren oant 1954. Yn 1959 wurdt de toer echt yn gebrûk nomd omdat men der pas dan apparteminten en kantoaren yn ynstallearret. Yn de tiid fan har konstruksje gou de toer as in bûtengewoane ferwêzentliking yn wapene beton. De toer hat 30 ferdjippings en is 110 m heech as de 6 m lange mêst meirekkene wurdt. Lange tiid wie se de heechste wolkeskraber fan West-Europa.

Berne yn Amiens bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje