Amman (عمان; yn de âldheid: Philadelphia) is de haadstêd fan Jordaanje. De stêd leit yn it noarwesten fan it lân, mar inkelde tsientallen kilometers fan de Westlike Joardaanouwer en de Deade See. Yn 2000 hie de stêd likernôch 1,5 miljoen ynwenners.

Amman
Polityk
Lân Jordaanje
gûvernemint Amman
Boargemaster Omar Maani
Sifers
Ynwennertal Grut Amman ± 4.500.000 (2016)
Oerflak 1.680 km²
Befolkingsticht. 2.380 / km²
Hichte 700 - 1100 m
Oar
Stifting 7250 f.Kr.
Tiidsône UTC+2
Simmertiid UTC+3
Koördinaten
Offisjele webside
Webstee gûvernemint Amman
Lizzing Amman

Amman is it politike-, kulturele- en kommersjele sintrum fan Jordaanje en ien fan âldste trochgeand bewenne stêden fan de wrâld. De stêd is frijwat 'ferwestere' fergelike mei oare grutte stêden yn de regio. De stêd leit mids en op hichten (no 19). De wichtichste stedsdielen binnen neamd nei de hichte dêr't sy op boud binne. Wichtige ferfiermiddels binne de bus, de taksy, en de dielde taksy. Amman is it foarneamste ferkearsknooppunt fan it lân.

Ut de skiednis bewurkje seksje

Yn de omkriten fan Amman binne archeologyske fynsten út de Nije Stientiid dien. Yn de 13e iuw f.Kr. hjitte de stêd Rabbath Ammon of Rabat Amon (troch de Ammoniten. Yn de bibel wurdt Amman oantsjut as Rabbat Ammon. Yn de rin fan de iuwen waard de stêd ferôvere troch de Assyrjers, folge troch de Perzen en de Griken. Ptolemaeus II Philadelphus, de Hellenisyske hearsker oer Egypte, werneamde it Philadelphia. De stêd hearde ûnder it Nabateeske keninkryk oant 106; dêrnei sloegen de Romeinen dêr foar master op. Yn de Romeinske perioade hearde Amman, doe Philadelphia, ta de stêden fan de Dekapolis.

It moderne Amman waard stifte yn 1878, doe't it Ottomaanske Ryk dêr in groep Tsjerkessyske ymmigranten ûnderbrocht. Sy foarmen oant healwei de 20e iuw de mearderheid fan de befolking. Under oaren troch de grutte ymmigraasje fan Palestinen, dy't fanwege de Israelysk-Arabyske oarloggen nei 1948 nei Jordaanje flechten, hat de stêd in grutte groei trochmakke.

It besjen wurdich yn Amman bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is fral basearre op ynformaasje út Jordan, The Rough Guide fan Matthew Teller en feiten fan de Ingelsktalige Wikipedia