Anders Celsius (Uppsala, 27 novimber 1701 — dêre, 25 april 1744) wie in Sweedsk astronoom. Celsius waard yn Uppsala yn 1730, krektas syn heit, heechlearaar yn de astronomy. Yn 1741 rjochte hy mei in oantal oaren de stjerrewacht dêrr op.

Anders Celsius

It bekendst is Celsius troch de temperatuerskaal Celsius dy't hy yn 1742 ynfierde.

Hy definiearre ynearsten it kôkpunt fan wetter as 0° en it friespunt as 100°. Yn 1749 draaide syn opfolger Martin Stromer (1707-1770) de skaal fan Celsius om. Oaren seine dat dit Carolus Linnaeus of Daniel Ekström west hat.

Anders Celsius stoar yn de âldens fan 42 jier oan tuberkuloaze yn Uppsala.