Anne Vondeling (Appelskea, 2 maart 1916 - Mechelen, 22 novimber 1979) wie as politikus foarsitter fan de Twadde Keamer en minister fan Finânsjes yn it Nederlânske kabinet-Cals. Kommissaris fan de Friese Pers BV en wie foarsitter fan it bestjoer fan de Fryske Akademy fan 1961-1965. Hy skreau Nasmaak en Voorproef (1968).

Anne Vondeling
Byld fan Anne Vondeling yn Ljouwert

Nei it beheljen fan syn eindiploma HBS-B studearre hy oant 1940 oan de Lânbouhegeskoalle yn Wageningen. Yn 1948 promovearre Vondeling oan de Lânbouhegeskoalle op it proefskrift De bedriuwsfergeliking yn de lândbou.

Fan 1940 oant 1945 wie Vondeling as lânboukundich yngenieur ferbûn oan de Provinsjale Tsjinst fan Fryslân. Hy wie fan 1946 oant 1958 lid fan de Twadde Keamer foar de PvdA.Waard direkteur fan de Koöperative Sintrale Lânbouboekhâlding yn Ljouwert (1945-1958).

Op 1 jannewaris 1958 naam Vondeling yn it tredde kabinet-Drees (1952 - 1956) de portefûlje Lândbou, Fiskerij en Fiedselfoarsjenning oer fan Sicco Mansholt. Fierder wie hy fan 1959 oant 1962 lid fan de Ried fan Europa. Fan 1960 oant 1963 wie Vondeling bûtengewoan heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins. Fan 1959 oant 1965 kaam hy werom nei de Twadde Kaamer. Yn it kabinet-Cals wie Vondeling fan 14 april 1965 oant 22 novimber 1966 minister fan Finânsjes en fise-minister-presidint. Fan 7 maart 1969 oant 4 febrewaris 1971 wie Vondeling foarsitter fan de Partij van de Arbeid. Hy waard opfolge troch André van der Louw. Fan 7 desimber 1972 oant 17 july 1979 wie Vondeling foarsitter fan de Twadde Keamer; per 17 july waard hy lid fan it Jeropeesk Parlemint.

Op 22 novimber 1979 stoar Vondeling yn de âldens fan 63 jier yn Mechelen, as gefolch fan in auto-ûngelok. De Anne Vondelingpriis waard nei him neamd.

Underskiedingen bewurkje seksje

Namme bewurkje seksje

Syn famyljenamme 'Vondeling' waard jûn oan syn oerpake Adam Vondeling (1818-1893), dy't as fûnling yn in ierdappelfjild yn Weinterp (gemeente Opsterlân) fûn waard.

Keppelings om utens bewurkje seksje