Annemarie van Schendel

Annemarie van Schendel (Berkel-Enschot, 1944) is in autodidaktysk keunstskilder út Alphen aan de Maas. Sûnt 2002 folget hja in oplieding oan de Akademy foar Schone kunsten mei as rjochting 'monumintaal'. Yn har wurken wol se 'stilte', 'ienfâld' en 'rêst' werjaan.

Doarp oan de rivier

Reisympresjes binne faak in boarne fan ynspiraasje. It wurk ûntstiet út har gefoel wei. Troch út te gean fan har gefoel wurdt in wurk faak wat oars as dat se foarôf yn de holle hie. Hjirby brûkt se faak akrylferve. Sûnt 2006 heart se ta de keunstnersgroep P8 yn Winssen. Har wurk is yn te dielen yn geometrysk, organysk, symboalysk, skippen, blommen en doarpsgesichten. Der ûntsteane foarmen út minsklike lichems wei, mar ek troch abstrahearen fan de natoer ûntstiet in ôfbyld. Ek de omjouwing fan de ûnderwerpen wurdt by tiden abstrakt werjûn.

Se begûn yn 2001 en hie yn septimber 2003 hie har earste eksposysje, letter kamen der mear yn Nederlân en Frankryk.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: