Anton Herman Gerard (Anthony) Fokker (6 april 1890, Kediri23 desimber 1939, New York) wie in Nederlânske loftfeartpionier en fleanmasinebouwer. Hy is it meast bekend fan de gefjochtsfleanmasines dy't er yn de Earste Wrâldoarloch yn Dútslân produsearre, sa as de iendekker jagers, de Dr.1 trijedekker en de D.VII twadekker.

Anthony Fokker

Neidat it Ferdrach fan Versailles Dútslân ferbea om fleantugen te produsearjen, ferhûze Fokker syn bedriuw nei Nederlân. Dêr wie syn bedriuw ferantwurdlik foar ferskate sukses hawwende fleantugen, lykas de Fokker F.VII/3m, in passazjiersfleantúch út it ynterbellum. Lettere auteurs woene hawwe dat er persoanlik charismatysk, mar in kontroversjeel karakter hie en in trochtrape sakeman wie.

Bibliografy bewurkje seksje

  • A.H.G. Fokker & Bruce Gould De Vliegende Hollander - , 1931, Utjouwer Van Holkema en Warendorf (mei foarwurd fan C.J. Snijders)

Keppelings om utens bewurkje seksje