Anthonie Koolhaas (Utert, 16 novimber 1912 - Amsterdam, 16 desimber 1992) wie in Nederlânsk skriuwer fan romans, senarioskriuwer en resinsint.

Anton Koolhaas
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Anthonie Koolhaas
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 16 novimber 1912
berteplak Utert
stoarn 16 desimber 1992
stjerplak Amsterdam
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Romans
jierren aktyf 1933 - 1992
Anton Koolhaas as gast fan Mies Bouwman in 1968
Anton Koolhaas (1981)

Biografy bewurkje seksje

Anton Koolhaas wie de jongste fan in húshâlding mei fjouwer bern. Hy studearre oan de Ryksuniversiteit Utert, nei't er sels sei, enige vakken die verband konden houden met de journalistiek. As lid fan de Utertskere studinteferiening Unitas wie er befreone mei Albert Alberts en Leo Vroman. Mei dy twa rjochte er it Utertsk Studintetoaniel op. Foar en yn de Twadde Wrâldkriich wurke er tsien jier as bûtenlânredakteur by de Nieuwe Rotterdamsche Courant. Dêrnei wie er keunstredakteur fan De Groene Amsterdammer, oant er yn 1952 ta direkteur fan de Stichting Culturele Samenwerking yn Yndoneezje waard.

Yn 1955 gie Koolhaas werom nei Nederlân en waard toanielresinsint by Vrij Nederland. Tagelyk waard er learaar oan de filmakademy yn Amsterdam, dêr't er fan 1968 oant 1978 direkteur wie. Hy skreau ek sels senario's, ûnder oaren foar Bert Haanstra syn films Bij de beesten af (1972) en Dokter Pulder zaait papavers (1975, nei syn eigen roman De nagel achter het behang).

Koolhaas syn earste boek ferskynde yn 1956, de ferhalebondel Poging tot instinct. Koolhaas' romans gean faak oer bisten mei typysk minsklike einegskippen. De Boekewike fan 2009 wie wijd oan 'it bist yn de literatuer'. Dêrom ûntfâlde biolooch en skriuwer oer bisten Midas Dekkers op 19 maart dat jier in plakette oan Koolhaas' hûs oan it Amsterdamske Vondelpark mei in sin fan Koolhaas: 'Ik zit in alle figuren, al zijn het regenwormen'.

Anton Koolhaas is de heit fan arsjitekt Rem Koolhaas (1944).

Bibliografy bewurkje seksje

Boeken bewurkje seksje

  • 1933 - De deur
  • 1939 - Stiemer en Stalma
  • 1956 - Poging tot instinct
  • 1957 - Vergeet niet de leeuwen te aaien
  • 1958 - Er zit geen spek in de val
  • 1959 - Gekke Witte
  • 1960 - Een gat in het plafond
  • 1961 - Weg met de vlinders
  • 1962 - Een schot in de lucht
  • 1963 - Een pak slaag
  • 1964 - De hond in het lege huis
  • 1964 - Een geur van heiligheid
  • 1966 - Niet doen, Sneeuwwitje
  • 1967 - Vleugels voor een rat
  • 1968 - Andermans huid
  • 1969 - Ten koste van een hagedis
  • 1970 - Corsetten voor een libel
  • 1970 - Mijn vader inspecteerde iedere avond de Nijl
  • 1970 - Noach
  • 1972 - De nagel achter het behang
  • 1972 - Blaffen zonder onraad
  • 1973 - Vanwege een tere huid
  • 1974 - Een punaise in de voet
  • 1975 - De geluiden van de eerste dag
  • 1976 - Tot waar zal ik je brengen?
  • 1977 - De laatste goendroen
  • 1977 - Een kind in de toren
  • 1978 - Een pak slaag
  • 1978 - Nieuwe maan
  • 1980 - Raadpleeg de meerval
  • 1981 - Een aanzienlijke vertraging
  • 1983 - Sprookje
  • 1985 - Liefdes tredmolen en andere dierenverhalen
  • 1990 - Alle dierenverhalen

Senario's bewurkje seksje

¹ Films ek fan Koolhaas regissearre

Prizen bewurkje seksje

Literatuer bewurkje seksje

  • Kusters, Wiel (2008). Koolhaas' dieren : over de biologie van een schrijver. Vantilt, Nymwegen. 295 s. ISBN 978-946-004-001-6. Oer de libbensbeskôglike kanten fan syn bisteferhalen ensafh.

Keppelings om utens bewurkje seksje