Ashley Hobbs (Harbor City (Kalifornje), 3 septimber 1989), is in Amerikaansk neakenmodel. Hobbs hat ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Ashley Lockard en Ashley Danielle.

Ashley Hobbs
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Ashley Lockard, Ashley Danielle
echte namme Ashley Hobbs
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 3 septimber 1989
berteplak Harbor City (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel
jierren aktyf 20102014
offisjele webside
Ashley Hobbs op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Hobbs waard yn 1989 berne yn Harbor City, in wyk fan Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hja waard bekend doe't hja yn 2010 as Playmate yn 'e Amerikaanske edysje fan it neakenblêd Playboy stie. Hobbs wie Playmate of the Month foar de moanne desimber fan dat jier. Har fotoreportaazje as centerfold waard makke troch neakenfotograaf Arny Freytag. Neitiid wurke Hobbs mei oan ferskate Playboy-fideo's, wêrûnder Playmate Casting Call: The Mansion, út 2011. Ek posearre se foar guon bysûndere útjeften fan Playboy. Fierders wurke Hobbs yn 2014 as produksje-aasistinte mei oan 'e horrorfilm 2 Bedroom 1 Bath, fan regisseur Stanley Yung.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Ashley Hobbs is blank, mei blauwe eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.67 m lang, mei in gewicht fan 55 kg, en in natuerlike kupmaat 34C. Njonken de wenstige piercings troch de earlellen hat se in nâlpiercing en in piercing troch har klitoris. Se hat ek twa tatoeaazjes: ien fan in tekst op har lofterheup en ien fan letters op har bikinyline.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: