Atomêre massa-ienheid

De atomêre massa-ienheid (u), of dalton (Da), is in ienheid om de atomêre massa fan in atoom of molekule oan te jaan. It is likernôch de massa fan in wetterstofatoom, fan in proton en fan in neutron. De ienheid is sa keazen dat de massa fan in atoom (yn u of Da) sa goed mooglik it tal kearndieltsjes (protoanen en neutroanen) oanjout. De atomêre massa-ienheid wykt in lyts bytsje ôf fan de wiere massa fan in tal kearndieltsjes, mar dy ôfwiking is sa lyts, dat by ôfrûning de massa yn u lyk is oan it tal kearndieltsjes.

Definysje bewurkje seksje

Sûnt 1971 is de atomêre massa-ienheid definearre as 1/12e fan de massa fan ien koalstof-12 atoom en hat de wearde:

1 u = 1/NA gram = 1/(1000×NA) kg
NA is de konstante fan Avogadro
1 u = 1.660538782(83)×10−27 kg
1 u = 931.494028(23) MeV/c²

Yn de biology wurdt faak de beneaming dalton brûkt.

De atomêre massa-ienheid hat ek in ferbân mei de ienheid mol. As de dieltsjes fan in stof 1 atomêre massa-ienheid as massa hawwe, betsjut dat dat ien mol fan dy stof in massa hat fan 1 gram. As de dieltjes 2 u as massa hawwe, dan hat ien mol fan dy stof in massa fan 2 gram. En sa fierder.