Ayu Utami (Bogor, 21 novimber 1968) is in Yndonesyske sjoernaliste, radiomakker en skriuwster fan romans, koarte ferhalen, in teaterstik en artikelen. Troch te skriuwen oer seks en polityk, hat Utami ûnderwerpen oansnien dy't earder ferbean wienen foar Yndonezyske froulju, in feroaring dy't oantsjut wurdt as sastra wangi

Ayu Utami, 2005

Ayu Utami is in fertolker fan de generaasje fan nije Yndonezyske arysten en skriuwers dy't opgong makker nei de delfal fan Soeharto. Saman (1998) wurdt yn it generaal beskôge as har masterwurk en waard yn 2001 oerset yn it Nederlânsk as Samans missie. It ferfolch op Saman, Larung, ferskynde 2003 ek yn it Nederlânsk.

Jonkheid en stúdzje bewurkje seksje

Utami waard berne yn Bogor en waard grut yn de haadstêd Jakarta. Sy helle de bachelorgraad oan de Universitas Indonesia dêr't hja Russyske taal en literatuer studearre hie. Yn har studietijd wie hja al út einset mei it skriuwen fan ferslaggen en essays yn ferkate kranten.

Yn 1990 siet sy yn de finale fan in skientmeferkiezing, mar model woe hja net wurde, kosmetica en make-up hie hja it mier oan.

Yn 1995 folge sy in stúdzje Advanced Journalism by de Thomson Foundation yn Cardiff (Feriene Keninkryk) en 1999 it Asian Leadership Fellow Program yn Tokio, Japan.

Wurkpaad bewurkje seksje

Utami wie sjoernalist foar in ferskaat oan Yndonezyske blêden sa as Humor, Matra, Forum Keadilan, en D&R. Koart skoft neidat Soeharto yn de peroade fan de 'Nije Oarder' trije magazines fernea, nammentlik Tempo, Editor en Detik, rjochte Utami út protest tsjin it ferbod mei it Aliansi Jurnalis Independen (Alliânsje fan Unôfhinklike Sjoernalisten) op. Yn de ûnderdûk gie sy troch mei har sjoernalistike arbeid, ûnder oaren publisearre hja in swartboek oer de korrupsje fan it Soeharto-rezjym.

Utami har earste roman, Saman, ferskynde yn 1998, mar in pear wiken foar de fak fan Soeharto. It boek wurdt sjoen as ien fan de sinjalen fan it feroarjend kulturele en politike lânskip fan Yndoneezje. Utami har romans beantwurdzje net oan de tradisjonele ferwachtingen fan de Javaanske- en Moslimkultuer wat froulju oanbelanget, dy't ûnderhearrich, seksueel ûnskuldich en húsfrou wêze moasten. De froulike haadfigueren binne by har faak seksueel bretaal mei eksplisyt taalgebrûk anneks, dat it ferskinen fan Saman hat de nedige opskuor yn Yndoneezje feroarsake.

It boek smiet har de earste priis op fan de Dewan Kesenian Jakarta (Keunstried fan Jakarta). Teffens wûn sy de Prins Claus Priis yn 2000. Fan Saman waarden goed 100.000 stiks ferkocht en it ferskynde 34 kear in werprintinge. It ferfolch op Saman wie Larung dat yn 2001 publisearre waard.

Dêrnei gie se oan de gong foar Radio 68H, in ûnôfhinklik lanlik nijsstasjon en skreay sy foar it kulturele tydskrift Kalam en yn Teater Utan Kayu yn Jakarta. It teaterstik en boek Pengadilan Susila ('Susila har rjochtsaak') út 2008 wart sy har mei tsjin de anti-pornografywetjouwing.

Utami is as ûndersykster ferbûn oan it Institut Studi Arus Informasi (Ynstitút foar Súdzjes fan Frij Ferkear fan Ynformaasje).

Bibliografy bewurkje seksje