In bakfyts is in transportfyts mei twa (meast) of trije tsjillen en in grutte laadbak foarop, dêr 't bagaazje mei ferfierd wurde kin.

In âlderwetske bakfyts
Om it jier 2000 hinne waard de bakfyts yn Nederlân populêr foar it ferfier fan bern

Skiednis en beskriuwing bewurkje seksje

 
Bôleferkeaper mei bakfyts yn Yndoneezje

In gewoane bakfyts mei trije tsjillen hat twa tsjillen oan de foarkant, mei dêrtusken de laadbak. De bestjoering bart meastal om in inkelde as dy 't yn 'e midden ûnder de bak sit. Dy bestjoering is ienfâldich fan konstruksje mar net stabyl en in bakfyts is by hege faasje dreech te bestjoeren. De bak hat oan de efterkant in stange, dy 't as stjoer tsjinst docht. De bak kin in iepen platte bak wêze, mar ek in kiste mei in lid of in grutte koer (b.g. in bakkersbakfyts). In bakfyts kin oandreau wurde troch traapjen of in ferbrâningsmotor. Der binne hjoed-de-dei ek bakfytsen mei stipe fan in elektromotor.

In soad âlde bakfytsen hawwe in lange libbensdoer. Dochs naam it tal bakfytsen jierrenlang ôf fanwegen de yntroduksje fan de (lytse) frachtwein en auto mei oanhingwein. Nei in soad ynnovative oanpassingen oan de bakfyts wurde der sûnt sawat 1995 in soad nije bakfytsen produsearre. Yn it stedsferkear wurdt de bakfyts blykber ûnderfûn as in effektive ferfanger fan 'e auto.

Oant yn 'e jierren 1960 wie in bakfyts foaral in ferfiermiddel foar beropsmjittich gebrûk. In soad leveransiers, lykas bakkers en winkellju giene mei de bakfyts by de huzen del. Sy brûkten in houten bak of reiden koer mei lid. Hjoed-de-dei wurdt de bakfyts benammen troch jonge gesinnen brûkt yn stee fan in auto.

De bak kin ek ferfongen wurde troch in stoel, sadat der passazjiers mei ferfiere kinne. Dat wurdt ûnder oare yn tropyske lannen dien (fytstaksy). In fariant dêrop is it model mei in lytse bak dêr 't bern yn sitte kinne. Sûnt likernôch 2000 hat dit model yn Nederlân in soad populariteit krigen. Benammen yn stêden, dêr 't it autoferkear tige dreech is, mar ek yn de Feriene Steaten, ride tûzenen bakfytsmemmen en - heiten mei harren bern en boadskippen yn lytse, moderne bakfytsen fan ferskillende fabrikanten. Bern sitte op ien of twa bankjes yn de bak, en lytse poppen yn in bernestuoltsje of in Maxi-Cosi