Beat Feuz (Schangnau, 11 febrewaris 1987) is in earder Switsersk skyer. Feuz wie spesjalisearre yn de ôfdaling en de Super G. Hy waard yn 2017 yn Sankt Moritz wrâldkampioen op de ôfdaling, by de wrâldkampioenskippen yn 2015 yn Beaver Creek en yn 2021 yn Cortina d’Ampezzo waard er beide kearen tredde op de ôfdaling. Yn 2022 waard er yn Peking Olympysk kampioen op de ôfdaling. By de winterspullen fan 2018 yn Pyeongchang wûn Feuz sulver op de Super-G en in brûnzen medalje op de ôfdaling. Yn jannewaris 2023 nei de Hahnenkammôfdaling yn Kitzbühel hold Fuez op mei skyen op heech nivo. Feuz hat in relaasje mei de eardere Eastenryske skyster Katrin Triendl, en hat mei har twa bern.

Beat Feuz
sporter
Beat Feuz (2014)
Beat Feuz (2014)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Beat Feuz
nasjonaliteit Switsersk
bertedatum 11 febrewaris 1987
berteplak Schangnau
lingte 1.72 m
gewicht 85 kg
sportive ynformaasje
sport Skyen
ûnderdiel Alpineskyen
O.S. Sotsji 2014,
Pyeongchang 2018,
Peking 2022
debút 2006
karriêre-ein 2023
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 2022
1x sulver Olympyske Spullen 2018
1x brûns Olympyske Spullen 2018,
1x goud WK 2017
2x brûns WK 2015, 2021

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:DE
  • Wikipedy:EN