Berjocht:Side fan de wike 2021/wike 40

Sargon (Akkadysk: 𒊬𒊒𒄀, sekuere transliteraasje: Ć ar-ru-gi; ±2355 f.Kr. – 2279 f.Kr. of 2284 f.Kr.), ek bekend as Sargon de Grutte (net te betiizjen mei de lettere keningen Sargon I en Sargon II fan Assyrje), wie yn 'e fjouwerentweintichste en trijeĂ«ntweintichste iuw f.Kr. kening fan Akkad en SĂ»mearje. Hy wie de stifter fan it Akkadyske Ryk, en wurdt soms identifisearre as de earste persoan yn 'e (fĂȘstleine) skiednis dy't oer in ryk regearre. De dynasty dy't Sargon stifte, it HĂ»s fan Sargon, hearske nei syn dea noch krapoan oardel iuw oer it Akkadyske Ryk, oant dat Ă»nder fuotten helle waard troch de GĂ»tyske ferovering fan SĂ»mearje. Yn 'e literatuer fan it Nijassyryske Ryk, Ășt 'e achtste en sĂąnde iuw f.Kr., komt Sargon foar as in legindarysk figuer.

LĂȘs fierder