Berjocht oerlis:De kroech

Wol in behearder eefkes sjen wat er fan it loftermenu stean bliuwe moat? Dr. Breznjev 19.19, 13 jan 2005 (UTC)

Ik sjoch der wol eefkes nei. Kroeg op syn Frysk moat oars al Kroech wurde, faaks kinst dat earst eefkes oanpasse. B. 20.04, 13 jan 2005 (UTC)
Wat dy kolommen oanbelanget: Om my hoecht der net in soad boppenoan dy side te stean. Wat earder de ynhâld yn byld komt, wat better it om my is. Spesyfyk: Wat yn de lofter kolom stiet, soe dat aanst net op de mienskipsside komme kinne? En wat rjochts stiet, dat wie op de Nederlânske mear in grapke, om't de meidogger dy't dêr it berjocht útwreidde Waerth hiet. Om mij hoecht sels it grutste part fan dy ynlieding net.
Wat dy namme oanbelanget: Ik hie it mei sin foarearst op "Oerlisside" hâlden. Fan de oare Wikipedyen is de "doarpspomp" my leaver as de "kroech". Feitlik binne ek de húskeamer, de terp, de buorren, de bleek, en noch mear my leaver. Mar leafst haw ik dat der wat mear op dy side skreaun wurdt. As der in namme is mei dat gefolch, dan is dy grif bêst. Aliter 17.40, 14 jan 2005 (UTC)

Dat grapke fan Waerth is sa besjoen inderdaad wol goed, it kin ek wol fourt. Ik bin sels net sa kreatief en ik wit net wat wol en net oersetten moat wurde, dêrom binne jim der ek. De lofterkolom kin wol oersetten wurden nei de nije mienskipsside as jim dúdlik meitsje wat mei moat en wat net. De namme fan de side mei wol earst oerlisside bliuwt. As it berjocht mar bliuwt stean, meinammen mei it each op de interwiki, de namme makket dan net út Dr. Breznjev 18.14, 14 jan 2005 (UTC)

Ik kin wol wat oer dat menu sizze:
  • Mienskipside - hoecht fansels net as it menu dêr komt.
  • Behearfersyken - soe kinne, as de behearders der genôch op achtsje. B.?
  • Bemiddeling, fandalismebestriiding, ombudsman - dy hawwe wy noch net yn organisearre form.
  • In útstalkast hawwe wy noch net, en faaks binne ús siden noch net útstalwurdich.
  • Ik leau wy hawwe ek och net genôch meidoggers foar in skriuwwedstriid.
  • Statút - Leaver noch net.
  • Argyf - moat fansels fan de Oerlis side keppele wêze, en dat is it ek.
  • Diskusjelisten, behearders - kinne, mar sjoch al at dy net al yn it Wikipedy:Oersjoch wiki ynformaasje en behear stean.
  • Dêr wenje de Wikipedianen, Suver nuver, Konfliktoplossing - Dizze binne der noch net, mar fiel jo frij en begjin der mei as jo dy hawwe wolle.
Aliter 23.18, 20 jan 2005 (UTC)
Werom nei de side "De kroech".