Bernlef wie in bard dy't sa om en de by 785 nei Kristus libbe.

Liudger makket Bernlef better

Liudger bewurkje seksje

Bernlef wie blyn wurden, mar kaam Liudger tsjin. Dy preker hat him doe ûnder in kuierke fan Helwert nei Warffum, yn Grinslân, boete dwaan litten en doe koe Bernlef wer sjen. Bernlef waard doe ek kristen.

Wurk bewurkje seksje

Bernlef song as bard fan de dieden fan 'e foarfaars en de oarloggen fan de keningen, lykas yn it Finnburg Fragmint of út Beowulf. Fan syn dichtwurk is neat bewarre bleaun, al is it Aldsaksyske evangelyharmoanje Heliand miskien fan syn hân.

Namme bewurkje seksje

Syn namme wurdt brûkt as pseudonym troch de skriuwer Hendrik Jan Marsman, en de studinteferiening F.F.J. Bernlef te Grins is nei him ferneamd.

Keppelings om utens bewurkje seksje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bernlef (poet) fan Wikimedia Commons.