Blesdike is in doarp súd fan Wolvegea yn de gemeente Weststellingwerf tichteby de grins mei Oerisel.

Blesdike
Tsjerke fan Blesdike
Tsjerke fan Blesdike
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 485 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 15,62 km², wêrfan:
- lân: 15,48 km²
- wetter: 0,13 km²
Befolkingsticht. 31 ynw. / km²
Oar
Postkoade 8398
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 50' N 6° 0' E
Lokaasje Blesdike (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Lokaasje Blesdike (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Offisjele webside
inblesdijke.nl
Kaart
Blesdike (Fryslân)
Blesdike

Blesdike hat 485 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. Mei't De Blesse in apart doarp waard is Blesdike ynwenners kwyt rekke.

De taal is meast Stellingwerfsk.

Skiednis bewurkje seksje

In 1361 fierde de biskop Jan fan Arkel twaris in strafekspedysje út yn de Stellingwerven om't de boeren de opleine skattingen net betelje woene. By de twadde tocht wurdt Blesdike yn de brân stutsen.

Tsjerke bewurkje seksje

 
De midsiuwske tsjerke fan Blesdike

Yn 1328 hie it doarp al in tsjerke. Nei it platbaarnen fan it doarp waard de tsjerke yn 1413 op 'e nij boud, dy't neffens in ynstitúsjebrief fan 18 febrewaris 1562 oan de hillige Nikolaas wijd wie. De âlde tsjerke waard yn 1843 ôfbrutsen, nei't dy mooglik al yn it jier 1836 ynstoart wie.[3]

De tsjerke fan no is yn 1843 boud. Op in gevelstien yn it tsjerkje stiet: In 1843 is deze kerk herbouwd onder directie van de kerkvoogden Albert Sents Len­stra, Tiemen Meines de Boer, Gerrit Wanders Terwisscha. Waakt en bidt.

De tsjerke waard yn 2004 troch de herfoarme gemeente ferkocht en is no in sintrum foar kulturele aktiviteiten en bysûndere tsjinsten.

Kamp It Petgat bewurkje seksje

Yn de Nijkspolder boppe Blesdike lei yn de Twadde Wrâldoarloch ien fan de 50 Nederlânske wurkkampen foar Joadske twangarbeiders. De wurkkampen leinen yn isolearre dielen fan Fryslân en Drinte en wiene yn 'e jierren 1930 oanlein yn it ramt fan de wurkferskaffing. De Dútsers brûkten de besteande ynfrastruktuer om dêr sa'n 150 à 200 joadske manlju tusken 18 en 65 jier te isolearjen. De joaden moasten heide omdolle of wegen oanlizze ûnder lieding fan deselde organisaasje as foar de oarloch: de Rykstsjinst foar de Wurkferromming. It tafersjoch op it wurk wie yn hannen fan de Nederlânske Heidemaatskippij en ek yn it kamp sels hienen Nederlanners de lieding.

 
Monumint 'It Petgat'

It Blesdiker wurkkamp bestie mar fjouwer moanne. It wie in strafkamp foar joaden, dy't yn oare kampen meidien hiene oan 'werhelle wangedrach, opstokeljen, hântaastlikheden en soks'. Yn It Petgat gou in spesjaal rezjym; de regels wiene stranger as yn oare soartgelikense kampen. Tsien man, ek mear as normaal, begelaten de joaden nei it wurk. It wie swier wurk, fral foar stedsjers dy't oar wurk wend wiene. De finzenen krigen te hearren dat it wurkkamp yn Nederlân altiten noch better wie as twangarbeid yn Poalen. Yn 'e nacht fan 2 op 3 oktober 1942 (mei Jom Kipoer) waarden de manlju fan alle fyftich kampen yn sân hasten weihelle en nei Westerbork brocht. Tagelyk waarden ek harren froulju en bern út hûs helle. Fanút Westerbork waarden hja deportearre nei de gaskeamers fan Auschwitz en Sobibór.

De ferfallen barakken fan It Petgat waarden yn de jierren 1950 ôfbrutsen, nei't der yn 1946 ek noch in skoftke NSB'ers finzen sieten. Wat noch oer is fan it strafkamp is in lyts boskje, healwei de Nijkswei en de Markewei. Om't de betonnen fûnemintpeallen lizzen bleaune hat net ien boer war dien om de grûn by syn lân te lûken. Sa koe de natuer syn gong gean op it kampterrein.[4]

Monumint 'It Petgat' oan de Nijkswei betinkt de likernôch fyftich joadske twangarbeiders yn it strafkamp It Petgat.

Mienskip bewurkje seksje

Blesdike hat in doarpsbelang, mar gjin eigen doarpshûs. De doarpskrante 'Et Kraantien' ferskynt fiifris yn 't jier.

 
Markewei

Tsjerke bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Blesdike.

Skoalle bewurkje seksje

De âlde skoalle mei twa lokalen fan Blesdike is hjoed-de-dei ferboud ta wente. It meast tichteby is de iepenbiere basisskoalle fan De Blesse.

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 1840 1850 1954 1959 1964 1969 1974 2004
Ynwenners 393 560 857 813 789 622 496 370
Jier 2015 2020
Ynwenners 470 490

It besjen wurdich bewurkje seksje

 
Kastiel Ald Stoutenburch

It tsjerkje fan Blesdike datearret út de earste helte fan de 19e iuw en ferfong de midsiuwske tsjerke út de 15e iuw. Sûnt 1990 wurke in partikulier oan de Markewei oan de bou fan in 27 meter heech kastiel, dat de namme 'Ald Stoutenburch'. De folly waard ferneamd nei de Toutenburch, it midsiuwske kastiel dat foar Georg Schenk fan Toutenburch boud waard.

Noardlik fan it doarp stiet oan de Nijkswei in yn 2005 fan âldere ûnderdiele fan in wynmotor út de Wolvegeaster polder de Haan boude Amerikaanske wynmotor.[5]

Strjitten bewurkje seksje

Aan de Regel, Ikeleane, Fryske Fjildwei, Legebroekwei, Klysterbeileane, Markewei, Nijkswei, Saswei, Stienwikerwei.

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Reliwiki, oproppen 27 juny 2023
  4. Ljouwerter Krante/Binne Keulen: Het vergeten kamp Blesdijke
  5. Molendatabase, oproppen 27 juny 2023

 
Plakken yn de gemeente Weststellingwerf
 
Haadplak: Wolvegea
Doarpen en útbuorrens: AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzert
Buorskippen: BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)