Blinefuotbal op de Paralympyske Simmerspullen

Blinefuotbal, ek wol Fuotbal (5 tsjin 5) en football 5-a-side neamd, is ien fan de sporten dy't op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen stiet. It wurd spile troch in team fan fisueel beheinde fuotballers en in doelman, dy't wol sjen kin.

Blinefuotbal

Regels bewurkje seksje

Elts team bestiet út fiif spilers. Der jilde deselde regels as by it reguliere fuotbal, op in inkele ôfwiking nei. It team hat ek twa coaches dy't de spilers assisteare by it bepalen fan harren posysje. Ien dêrfan stiet meastentiids efter it doel fan de tsjinstanner om oanwizings te jaan wannear't de spilers op it doel sjitte.

Ofwikende regels:

  • Yn de bal binne beltsjes ferwurke sadat de spilers de posysje fan de bal hearre kinne.
  • Alle spilers brûke in blindearre skybril om har eagen folslein te bedekken.
  • It fjild is lytser (38 oant 42 meter by 18 oant 22 meter) en it doel is ek lytser (3 by 2 meter).
  • It fjild hat oan de sydkânten in boarding, sadat de bal der nea út komme kin.
  • De doelman hat mar in beheinde romte foar syn doel, dêr't er yn bliuwe moat.
  • De doelman mei wol sjen en mei ek oanwizings jaan.
  • Der is gjin bûtenspul.
  • In wedstriid bestiet út twa spylhelten fan elts 25 minuten.

Klasifikaasje bewurkje seksje

De fuotballers binne fisueel beheind en falle yn de offisjele klassifikaasje B1, B2 as B3.

Skiednis bewurkje seksje

De sport stiet sûnt 2004 op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen.

Medaljes bewurkje seksje

Edysje      
Atene 2004   BRA   ARG   ESP
Peking 2008   BRA   CHN   ARG
Londen 2012   BRA   FRA   ESP
Rio de Janeiro 2016   BRA   IRI   ARG
Tokio 2020   BRA   ARG   MAR
Parys 2024

Dielnimmende lannen bewurkje seksje

Editie lannen
Atene 2004   Argentynje   Brazylje   Spanje   Frankryk   Grikelân   Súd-Koreä
Peking 2008   Argentynje   Brazylje   Sina   Spanje   Grut-Brittanje   Súd-Koreä
Londen 2012   Argentynje   Brazylje   Sina   Frankryk   Grut-Brittanje   Iran   Spanje   Turkije
Rio de Janeiro 2016   Argentynje   Brazylje   Iran   Marokko   Meksiko   Sina   Spanje   Turkije
Tokio 2020   Argentynje   Brazylje   Frankryk   Japan   Marokko   Sina   Spanje   Tailân
Parys 2024

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje


 
Blinefuotbal op de Paralympyske Simmerspullen
Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 | Parys 2024
wizigje


Sport op de Paralympyske Simmerspullen
Hjoeddeiske sporten: Atletyk | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | Follybal | Goalball | Hynstesport | Hurdfytsen | Judo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tafeltennis | Tennis
Sporten út it ferline: CP-fuotbal | Dartchery | Gewichtheffen | Hurdsilen | Koersbal | Snooker | Wrakseljen
wizigje