Boeing 247

Rol Passazjiersfleantúch
Makker Boeing
Earste flecht 8 febrewaris 1933
Yn tsjinst 22 maaie 1933
Tal makke 75 (1932-1935)
Brûkers Boeing Air Transport

De Boeing 247 wie in fleanmasine fan Boeing dy't beskôge wurdt as it earste wier moderne passazjierstastel. It tastel is in twamotoarige leechdekker dat ôflaat is fan de ienmotoarige B200 en de twamotoarige B215. It tastel wie hielendal fan aluminium, wie streamline, hie in tichte cockpit en hie in ynlûkber lâningsgestel. De kabine hie plak foar tsien passazjiers en der waard flein mei twa fleanders.[1][2] Fierders hie dit tastel foar it earst trimflakken oan de wjukken, in automatyske piloat en in systeem fan opblaasbere rubberen hoezen om iisôfsetting kwyt te reitsjen.[3]

In Boeing 274D

De Boeing 247 makke de earste flecht op 8 febrewaris 1933 en it wie suver fuortendaliks in súkses. De earste klant wie it Amerikaanske United Airlines, dat 15 masines besteld hie, hoewol't der doe al fraach nei tastellen dy't mear as tsien man meinimme koene wie. It meast avensearre model wie de B-247D dat ferstelbere propellerblêden krige en sa it motorfermogen ekonomysker benutsje koe. Doe't yn maart 1934 de DC-2 op it toaniel ferskynde wie it feitlik al dien mei de kommersjele karriêre fan de 247. De prestaasjeferskillen wienen te grut, sa't ek bliken die yn de McRobbertson Airrace fan 1934 dêr't beide tastellen oan meidienen.

De 247 waard wol brûkt troch de loftmacht (USAAF) as transporttastel, foar troepeferfier en as treningstastel oant de ein fan de Twadde Wrâldkriich ta.[4] Der binne totaal 75 boud.

Neikommende ûntwerpen lieten gruttere, fjouwermotoarige ferkearsfleanmasines sjen, mar de basisformule feroare feitlik net oant Boeing begjin jierren 1940 mei de Boeing B307 Stratoliner kaam dy't foar it earst foarsjoen wie fan in drukkabine.

Technyske feiten bewurkje seksje

  • Lingte 15,72 m
  • Breedte 22,65 m
  • Hichte 3,60 m
  • Motor 2× Pratt & Whitney S1H1-G Wasp stjermotors, 550 hk (410 kW) it stik
  • Maks. startgewicht 6193 kg
  • Maks. faasje 325 km/o
  • Krúsfaasje 250 km/o
  • Fleanberik 1200 km

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Model 247 Commercial Transport." boeing.com, 2009. Rieplachte: july 26, 2009.
  2. van der Linden 1991, pp. xi–xii.
  3. Bryan 1979, p. 110.
  4. Taylor, Michael J. H.. Jane's Encyclopedia of Aviation, 1989.