Boscastle (Kornysk: Kastell Boterel) is in doarp en fiskershaven oan de noardkust fan Cornwall, Ingelân, yn de civil parish Forrabury en Minster. It plak leit 23 km besuden Bude en 8 km noardeastlik fan Tintagel.[1]

Boscastle, haven en lânskip
Sjoen fanôf it paad nei de haven
Sicht op Boscastle fan de seeside
Boscastle Harbour by leechwetter
Boscastle, Anglikaanske tsjerke

De namme fan it doarp is ôflaat fan Bottreaux Castle,in 12e iuwske motte-and-bailey fort, dêr't mar in bytsje fan oer is.

De haven fan Boscastle is in natuerlike ynholte en wurdt beskerme troch twa havenmuorren dy't yn 1584 troch Sir Richard Grenville boud binne. It is de iennichste haven fan betsjutting oer in kustlingte fan sa'n 20 km. Neist fiskershaven wie Boscastle eartiids ek in ymporthaven foar laai en stienkoal en waarden dêr lânbouprodukten en bewurke laai útfierd.

It âldste diel fan Boscastle leit om de haven hinne; nijere wenten binne hegerop boud yn de dellings fan de rivierkes Valency en Jordan.

Toerisme bewurkje seksje

It plak mei syn skildereftige, smûke haven lûkt in soad toeristen. Fierders hat it plak it Museum foar Hekserij en in winkel yn diggel. In protte lân yn de omkriten is besit fan de National Trust, ek beide kanten fan de haven, Forrabury Stitches, heech boppe it Boscastle mei âlde kultuerperselen en grutte parten fan Valency Valley, bekend fan syn ferbûnens mei de skriuwer Thomas Hardy. It South West Coast Path (lange ôfstân kuierpaad) rint by de havel del. De National Trust hat in winkel oan de haven[2] en yn de Old Smithy (âld smidterij) sit in besikerssintrum.

Wetterfloed fan 2004 bewurkje seksje

Boscastle kaam yn 2004 yn it nijs troch de ûnbidige wetteroerlêst op 16 augustus 2004, dy't grutte skea yn it doarp feroarsake. Ynwenners kamen fêst te sitten yn auto's, op dakken en yn gebouwen oan de ouwers fan de rivieren. It besikerssintrum spielde folslein fuort.[3][4] Twa Royal Air Force Sea King rêdingshelikopter fan marinebasis Chivenor, trije Royal Navy Sea Kings fan Culdrose, ien RAF Sea King fan RAF-basis St Mawgan en ien S61 helikopter fan de kustwacht kamen deroan te pas om minsken te rêden, fan de dakken te heljen en nei sikehuzen te ferfieren. Dizze operaasje wie de grutste yn fredestiid dy't it Feriene Keninkryk sjoen hie. Totaal binne der 91 minsken út harren benaudens ferlost, der foelen gjin deaden. Guon gebouwen binne ôfbrutsen, oare restaurearre.

Boscastle oerstreamde wer op 21 juny 2007, mar dat wie lang sa slim net as yn 2004.

Keppelings om utens bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ordnance Survey: Landranger map sheet 190 Bude & Clovelly ISBN 9780319231456
  2. http://www.visitboscastleandtintagel.com/boscastle-and-tintagel/thedms.asp?dms=13&venue=4520516
  3. BBC news:Dozens rescued from flash floods Retrieved on 25 August 2008
  4. Met office