In brânbom is in bom mei in ynhâld (ynstee fan in eksplosive lading) dy't brânber is en dy't ornearre is om it doel yn de brân te stekken. De lading kin bygelyks napalm, termyt, gloarine trifluoride en/of wite fosfor wêze. De brânbere ynhâld fan de bom kin troch in lytse eksploasje ferspraat wurde of kombinearre wurde mei brisantbommen. Wite fosfor baarnt út himsels.

In Dútske 1 kg brânbom út WO II
Brânbommen mei napalm ûntploffe yn Fietnam yn de Fietnamkriich

Brânbommen waarden al ûntwikkele en brûkt yn de Earste Wrâldkriich, mar earst op grutte skaal tapast yn de Twadde Wrâldkriich by bombardeminten op Dútslân.

Sjoch ek bewurkje seksje