In brekizer of koefoet is in langwerpich stik ark fan metaal, dat ûntwurpen is om dingen mei op, iepen, omheech of útinoar te wrikken. De iene ein bestiet út in taps tarinnende kyl dy't smel genôch is om earne tusken te stekken, en de oare útein (de 'foet' fan 'e koefoet) rint út yn in krom, healsirkelfoarmich diel dat spjalten is (as in kowepoat) oan 'e uterste ein, dy't heaks op 'e stâle fan it brekizer stiet.

Brekizer.

Gebrûk bewurkje seksje

 
Brekizer (sydoansicht).

In brekizer brûkt men troch in hefboomwurking ta te passen. Dêrby wurdt ien fan beide úteinen earne tuskenyn setten, wêrnei't men krêft útoefenet op 'e stâle fan it brekizer. Troch krêft út te oefenenjen op 'e oare útein kriget men dêrby in sa grut mooglik momint. Sa kinne twa dingen útinoar wrikt wurde of kin in iepening kreëarre wurde dêr't dy foartiid net wie.

In oare wize fan gebrûk is it optillen en by lytse bytsjes ferpleatsen fan swiere lêsten, eat dêr't sok ark fral foar de Yndustriële Revolúsje foar brûkt waard om't men doe noch net beskikte oer moderne meganyske helpmiddels. De spjalten útein kin fierders krekt as in klauhammer ek brûkt wurde om spikers en eventueel skroeven út te lûken.

Yllegaliteit bewurkje seksje

It brekizer is yn boargerfermiddens benammen bekend wurden as in helpmiddel om ynbraken mei te begean. Dêrfandinne dat dieven karikaturaal in protte ôfbylde wurde mei in sek oer it skouder (om 'e bút yn te ferfieren) en in brekizer yn 'e hân.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.