Brouwerij De Freonskip

Brouwerij De Freonskip is in bierbrouwerij út it doarp Burgum doarp en is yn 2016 as feriening oprjochte troch tsien freonen.

Skiednis bewurkje seksje

De bieren fan De Freonskip waarden oant 2017 broud by Sneeker Stadsbrouwerij De Meerpael yn Snits. Dizze brouwerij hold yn 2017 op te bestean.

Hjoed bewurkje seksje

It blonde bier It Lulke Wiif Heechblond wurdt makke mei de wâldprom of wichter. It twadde bier Read & Hitsich wurdt broud mei toarnbeien troch havenbrouwerij Het BrouwDOK yn Harns.

Assortimint bewurkje seksje

  • It Lulke Wiif - Heechblond
  • It Lulke Wiif - Read & Hitsich

Keppeling om utens bewurkje seksje