William Alexander (Bud) Abbott (Asbury Park (New Jersey), 2 oktober 1895Woodland Hills (Kalifornje), 24 april 1974) wie in Amerikaanske akteur, produsint en komyk. Hy is foaral bekend as de oanjouwer fan it komeedzjepear 'Abbott en Costello', yn 'e mande mei Lou Costello.

Bud Abbott (l.) en Lou Costello

In 1931 foel er yn foar in sike oanjouwer fan Lou Costello, en dat late ta in fêste gearwurking, yn it teater, op radio en yn de film. Fan harren ynkommen gie 60% nei Abbott en 40% nei Costello. Dat wie op útstel fan Lou Costello, omdat "komiken foar in kwartsje it dozyn te krijen wiene, mar in goede oanjouwer goud wurdich wie". Yn 1957 einige de gearwurking. Sy wiene op dat stuit beide blus fanwege spul mei de Internal Revenue Service, de Amerikaanske fiskale opspoaringstsjinst.

Abbott besocht begjin jierren 60 noch nije gearwurking mei Candy Candido, mar dat waard gjin súkses, hoewol't de kritiken goed wiene.

But Abbott wie fan 1918 oant syn dea troud mei Betty Smith, sy hienen twa bern oannaam, Budd jr. en Vicky.

Filmografy bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje