De bugel of flugelhorn (Dútsk: flügelhorn) is in koperblaasynstrumint in Bes of Es of inkeldris ek yn C mei trije fentilen. De bugel is in wichtich ynstrumint yn in fanfare. Yn in brassband hat de bugel in bysûndere rol en der is mar ien. De foarm fan de bugel is nei it fentylhûs hielendal koanysk en mei rommere bochten as de trompet. Dêrtroch hat de bugel in folle sêftere, waarmere en rûnere klank. De bugel is útfûn troch Adolphe Sax, deselde as de útfiner fan de saksofoan.

In standertbugel mei trije fentilen

De bugel hjit yn it Frânsk "bugle", mar yn it Ingelsk "flugelhorn" en moat net betize wurde mei de Ingelske "bugle", wat in klaroen is.

Toanfoarming bewurkje seksje

 
Fentylhûs fan de bugel

Lykas by alle koperblaasynstruminten hat de toanfoarming by de bugel plak troch mei oanspande lippen tsjin it tsjettelfoarmich mûlestik te blazen. Sa wurdt in trilling feroarsake yn de luchtkolom fan it ynstrumint. By in goede lipspanning kin ien fan de sawat sân natuertoanen spile wurde. Troch mei ien of mear fentilen de lingte fan de haadbuis grutter te meitsjen, kinne de gatten tusken elk fan dy boppetoanen groamatysk nei ûnderen ta opfolle wurde. It earste twadde en tredde fentyl jouwe respektivelik in hiele, in heale en oardel toan ferleging fan de neistlizzende boppetoan. De klankbeker fersterket de toan.

 
Mûlestik fan in bugel

Om't net alle toanen mei de fentilen suver te reitsjen binne is op in soad blaasynstruminten op it tredde, mar gauris ek op it earste, fentyl in trigger oanbrocht wêrmei't de buis langer makke wurde kin om de toan suver te krijen. Der binne ek bugels dy't in fjirde fentyl hawwe. Dêrtroch wurdt de trigger oerstallich en is it berik yn de lege toanen twa kear in fjirde oktaaf grutter.

Krekt as by de kornet hat de bugel foar it fentylhûs in stimbuis om ôfstimmen mooglik te meitsjen. It plak fan de stimbuis soarget derfoar dat it koanysk ferrin fan de bugel sa min mooglik fersteurd wurdt. By nijere kornetten en trompetten sit dy stimbuis earst fierderop yn it ynstrumint, yn de earste bocht nei it fentylhûs.

Toanhichte bewurkje seksje

 
In bugel-fentyl

De bes-bugel is in transponearjend ynstrumint, wat sizze wol dat de klinkende toan net deselde is as de notearre. Spilet men op bes-bugel in (foar dat ynstrumint) as C notearre toan, dan klinkt dy as in Bes. De spiler hoecht foar dy toan net in ekstra fentyl te brûken. Spilet men op in c-bugel in (foar dat ynstrumint) as C notearre toan, dan hoecht likemin in fentyl brûkt te wurden. Wol klinkt no in oare toan as by de bes-bugel, te witten in C. In selde notearre toan wurdt op beide ynstruminten mei deselde greep ta stân brocht (mar klinkt op in bes-bugel fansels in toan leger). In foardiel dêrfan is dat immen dy't in bes-bugel bespylje kin, sûnder transponearjen op in c-bugel meispylje kin mei in oar c-ynstrumint lykas in oargel yn in tsjerke.