In byldkaike of ikoantsje, (Ingelsk pictogram), is in troch it programma oanwiisd partsje fan it byldskerm, dêr't in beskate funksje oan takend is. Mei de komst fan de mûs waard it mooglik, troch it (dûbel)klikken op in byldkaike, it programma rap te betsjinjen. By de taastskermen kin soks hiel ienfâldich troch mei in finger op sa'n byldkaike te tikjen.

Knop of knoop bewurkje seksje

It noch lytsere byldkaike soe it Ingelsk in Button neame. Sa wurdt by it tsjetterjen in hiel lyts blau fûgeltsje brûkt.