De Cam is in rivier yn Ingelân, dy't besuden de stêd Ely yn de Grutte Ouse útmûnet (Pope's Corner) en sadwaande op it Ingelske kanaalnetwurk oansletten is. De totale ôfstân fan Cambridge nei de Noardsee is sa'n 64 km.

Mûning fan de Cam (links) yn de Grutte Ouse
Cam yn Cambridge

Lykas in protte rivieren wurdt de Cam ek in protte brûkt foar rekreaasje en ferdivedaasje, sa as angelfiskje, swimme, roeie en oare foarmen fan plezierfeart.

Namme bewurkje seksje

 
Roeie op de Cam

Yn it ferline hjitte de rivier Granta, neamd nei de angelsaksyske stêd Grantebrycge, it Cambridge fan hjoeddendei. Doe't de stêd omneamd waard krige de rivier ek in nije namme, in namme dy't by dy fan de stêd paste. Ien fan de twa sydrivieren fan de Cam hat noch altyd de namme Granta, de oare is de Rhee.

Oerstreamings bewurkje seksje

De Cam is gewoanwei in rivier dy't yn syn bêd bliuwt, mar út en troch is der in oerstreaming. De meast resinte serieuze oerstreamings wiene yn febrewaris en oktober 2001.[1] Yn febrewaris 2009 wie der ek in slimme oerstreaming.

De Environment Agency is oars ferantwurdlik foar it behear fan de hiele rivier.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Foto's fan de oerstreaming yn oktober 2001 op de Cambridge 2000 side