Carla Johanna Zijlstra (Snits, 15 maart 1969) is in earder Frysk reedrydster. Sûnt 16 maart 1997 wie se Nederlânsk rekôrhâldster op de 10 kilometer, mei in tiid fan 14.39,22 riden yn Calgary. Dizze tiid waard pas alve jier letter op 13 maart 2018 op It Hearrenfean ferbrutsen troch Carien Kleibeuker dy't 14.35,61 ried[1]

Carla Zijlstra
persoanlike bysûnderheden
echte namme Carla Johanna Zijlstra
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 15 maart 1969
berteplak Snits
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
O.S. Tignes-Albertville 1992,
Lillehammer 1994,
Nagano 1998
debút 1989
karriêre-ein 1999
wichtige prestaasjes
1x goud NK Allround 1993, 1997
2x sulver NK Allround 1992
3x brûns NK Allround 1994, 1995, 1996

Carla die fiif kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, sân kear oan it Europeesk kampioenskip en trije kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1992, 1994 en 1998). Sy behelle by dizze wedstriden gjin medaljes, sy waard al ien kear Nederlânsk allround kampioene.

Foar seizoen 1998/1999 waard Zijlstra net selektearre foar de kearnploech en makke har mei privee-trainer Johan Kasper ree foar de wedstriden. Dat seizoen riid se mei 7.05,94 in nij Nederlânsk rekôr op de 5 kilometer. In jier letter besleat se om har reedriidkarriêre te beëinigjen en har te rjochtsjen op har stúdzje ta Fysioterapeut. Se boaske mei de Australyske skyrinner Andy Evans mei wa't se twa bêrn hat. Yn novimber 2016 ferskynde har autobiografy Tussen hemel, ijs en aarde[2].

Persoanlike rekôrs bewurkje seksje

Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 41,74 13 febrewaris 1999   Olympic Oval, Calgary
1000 meter 1.22,09 19 maart 1999   Olympic Oval, Calgary
1500 meter 2.01,67 13 febrewaris 1999   Olympic Oval, Calgary
3 km 4.10,63 27 maart 1998   Olympic Oval, Calgary
5 km 7.05,94 21 novimber 1998   Thialf, It Hearrenfean
10 km 14.39,22 16 maart 1997   Olympic Oval, Calgary

Resultaten bewurkje seksje

jier NK
Allround
NK
Ofstannen
EK
Allround
WK
Allround
WK
Ofstannen
Olympyske
Spullen
1989 9e 3 km, 12e
1990 6e 500 m, 17e
1500 m, 11e
3 km, 8e
5 km, 4e
1991   10e 9e
1992   500 m, 16e
1500 m, 5e
3 km,  
5 km,  
8ste 10e 1500 m, 9e
3 km, 4e
5 km, 4e
1993   1500 m,  
3 km,  
5 km,  
7e 7e
1994   1500 m,  
3 km,  
5 km,  
6e 1500 m, 22ste
3 km, 9e
5 km, 7e
1995   1500 m, 11e
3 km,  
5 km,  
12e 8ste
1996   11e 27ste 3 km, 7e
5 km,  
1997   7e 3 km,  
5 km,  
1998 4e 3 km,  
5 km,  
3 km, 6e
5 km, 
3 km, 9e
5 km, 6e
1999 8ste 1500 m, 9e
3 km,  
5 km,  
3 km, 5e
5 km, 4e

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rekôrs op de 10 kilometer foar froulju wurde net offisjeel erkend troch de KNSB en de ISU.
  2. Friesch Dagblad, 1-12-2016, Zijlstra: tussen hemel, ijs en aarde
  • Wikipedy:NL