Come as You Are is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Nirvana yn 1991 en útbrocht op it twadde album fan Nirvana Nevermind út itselde jier. Come as You Are is it tredde nûmer op it album en waard op 2 maart 1992 útbrocht as twadde single fan it twadde album.

Come as You Are
algemiene ynformaasje
B-kant Endless, Nameless
artyst Nirvana
album Nevermind
taal Ingelsk
sjenre Grunge
útbrocht 2 maart 1992
opnommen Sound City Studio's
maaie 1991
doer 3:38
label DGC
skriuwer Kurt Cobain
produsint Butch Vig
fideoclip
Nirvana - Come As You Are
(Official Music Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Top 40 - 14,
flagge fan Nederlân Single Top 100 - 16,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 15
sertifisearre Austraalje 4x platina,
Frankryk goud,
Itaalje platina,
Grut-Brittanje platina

Oer it nûmer bewurkje seksje

Come as You Are waard skreaun troch Kurt Cobain. Nei it útkommen fan de single yn 1992 waard Nirvana troch de Britske punkband Killing Joke foar de rjochter sleept, om't sy fûnen dat Come as You Are in kopy fan harren nûmer Eighties út 1984 fan it album Night Time wie.

Oer de fideoklip bewurkje seksje

De fideoklip waard regissearre troch Kevin Kerslake, dy't letter mear fideo's foar Nirvana regissearre, mar ek Pantera's fideo foar "This Love" makke. Nirvana keas foar regisseur Kerslake fanwegen syn ympresjonistyske styl. Yn de fideoklip wurde bylden fan de band en ferwizingen nei de albumomslach fan Nevermind en fallend wetter mei-inoar mjukse.

Muzikanten bewurkje seksje