Connexxion is in Nederlânsk ferfiersbedriuw dat benammen aktyf is as steds- en streekferfierder. It bedriuw wie folslein eigendom fan de Nederlânske steat, fertsjintwurdige troch it Ministearje fan Finansjen, mar is yn 2007 foar 2/3 ferkocht oan in konsortsium fan it Frânske Transdev en Bank Nederlânske Gemeenten (BNG).

Bussen fan Connexxion

Untstean bewurkje seksje

It bedriuw is yn maaie 1999 ûntstien út in fúzje fan de VSN-bedriuwen Midnet, Oostnet, ZWN en NZH. Yn de begjintiid skreau it bedriuw syn namme as conneXXion. Yn 2000 is de bedriuwsnamme feroare yn Connexxion, mei in haadletter C en lytse x'en. Op de bussen, sneltrams en treinen is ek de C skreaun yn ûnderkast, de offisjele bedriuwsnamme hat lykwols sûnt 2000 in haadletter.