In dûbelkleaster is in manljuskleaster mei op in ôfstân in frouljusôfdieling ûnder gesach fan de abt. Dûbelkleasters kamen foar by benediktinen, sistersjenzers en augustiner koarhearen. Se wienen meastentiids nedich omt de froulju foar harren grûnbesit manljuswurk net misse koenen. Sûnt de 12e iuw waarden de measte dûbelkleasters skieden troch stifting fan nije frouljus- en manljuskleasters (Flearbosk). Barrakonvint bleau bygelyks in dûbelkleaster.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: