Daniel Wroughton Craig (Chester, 2 maart 1968) is in Ingelsk akteur.

Daniel Craig, 2009

Craig waard berne as soan fan in pubeigener en in leararesse keunst. Hy waard grutbrocht yn Liverpool, dêr't er op rugby siet, en ferhuze nei Londen doe't er 16 wie om by it National Youth Theatre te gean. Letter slagge it him en krij in plak op de Guildhall School of Music and Drama. Craig syn filmkarriêre begûn mei The Power of One yn 1992.

Yn 2005 folge Craig Pierce Brosnan op yn de rol fan James Bond. Hy hat foar fiif films tekene. De earste dêrfan, Casino Royale, ferskynde yn novimber 2006. Syn twadde Bond-film, titele Quantum of Solace ferskynde twa jier letter, yn novimber 2008.

Craig wie troud mei de Britske aktrise Fiona Loudon, mei wa't er in bern krige, Ella (1992). It pear gie letter út elkoar. Craig hie ek in ferhâlding mei de 11 jier jongere filmprodusint Satsuki Mitchell. Juny 2011 boaske er mei de aktrise Rachel Weisz.

Filmografy bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Daniel Craig fan Wikimedia Commons.