De Bosk (gemeente)

Nederlânske gemeente

De Bosk (Nederlânsk: 's-Hertogenbosch) is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Noard-Brabân. De stêd De Bosk is de haadstêd fan de gemeente en tagelyk ek de haadstêd fan Noard-Brabân. De gemeente hat 156.599 ynwenners (2022) en is part fan it stêdlik netwurk BrabantStad.

De Bosk
's-Hertogenbosch
Sint-Janskatedraal
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Noard-Brabân
boargemaster Jack Mickers (VVD)
sifers en geografy
haadplak De Bosk
grutste plak De Bosk
ynwennertal 156.599 (31 jannewaris 2022)
befolkingstichtens 1.424 / km²
oerflak 117,81 km²
● wêrfan lân 109,99 km²
● wêrfan wetter 7,82 km²
tal stêden 1
tal doarpen 3
ferkearsieren , ,, ,
Spoarline Utert-Boxtel, Spoarline Nimwegen-Tilburch
Súd-Willemsfeart
skiednis
oprjochte 1996
oar
netnûmer 073
postkoade 5200-5249, 5381-5383, 5390-5392
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.s-hertogenbosch.nl
Topografyske gemeentekaart De Bosk (2017)
Gemeente De Bosk
De gemeente De Bosk yn 1866

Oare plakken yn de gemeente binne Rosmalen, Nuland en Vinkel.

Skiednis bewurkje seksje

De gemeente bestie earst allinnich út de stêd De Bosk dy't yn 1184 stedsrjochten krige. Dat jier kin winliken sjoen wurde as it begjin fan de gemeente. Yn 1933 waard de gemeente útwreide mei it plak Deuteren fan de gemeente Cromvoirt dy't doe opheft waard. It oerbliuwende part fan dy gemeente gie nei de gemeente Vught.

Yn 1971 waarden de gemeenten Empel en Meerwijk en Engelen by de gemeente De Bosk foege. Yn 1996 waard de gemeente Rosmalen by De Bosk foege. Yn 2015 kamen de doarpen Nuland en Vinkel fan de ophefte gemeente Maasdonk by De Bosk.

Geografy bewurkje seksje

Kearnen bewurkje seksje

Kearn Ynwenners (2021)[1]
De Bosk 111.025
Rosmalen 37.240
Nuland 4.575
Vinkel 2.595

Oare kearnen en wiken bewurkje seksje

Ta de gemeente De Bosk hearre njonken boppeneamde kearnen ek de folgjende doarpen en útbuorrens: Bokhoven, Deuteren, Dieskant, Empel, Engelen, Gewande, Heeseind, Hintham, Kruisstraat, Maliskamp, Meerwijk, Orthen en Oud-Empel

De gemeente De Bosk bestiet út 14 wiken: Binnenstêd, De Groote Wielen, Empel, Engelen, Graafsepoort, Maaspoort, Muntel/Vliert, Noard, Rosmalen Noard, Rosmalen Súd, West, Súdeast, Nuland en Vinkel.[2]

Lizzing bewurkje seksje

De gemeente leit yn it noarden fan Noard-Brabân. De gemeente grinzget yn it noarden, dêr't de rivier de Maas de grins foarmet mei it Gelderske Maasdriel, yn it noardeasten oan Oss, yn it súdeasten oan Sint-Michielsgestel, yn it suden oan Vught, en yn it westen oan Heusden.

Gemeenterie bewurkje seksje

De gemeenterie fan De Bosk bestiet út 39 sitten:

Gemeenteriedsitten
Partij 1994 1998 2002 2006 2010 2014 2018 2022
D66 2 2 1 - 3 5 5 6
VVD 4 5 5 5 5 5 5 5
GrienLinks 3 3 4 5 5 3 4 4
Rosmalens Belang 10 6 6 4 4 5 3 4
CDA 6 6 6 5 4 5 4 3
De Bossche Groenen - - - - 1 1 3 3
PvdA 6 5 4 8 5 4 3 3
Leefbaar 's-Hertogenbosch - 2 4 2 2 3 2 2
SP 2 4 3 5 3 3 3 2
PvdD - - - - - - - 1
Volt - - - - - - - 1
Bosch Belang 4 4 4 4 4 5 2 1
Gewoon Ge-DREVEN - - - - - - 1 1
PVV - - - - - - 1 1
VOOR Den Bosch - - - - - - - 1
50 Plus - - - - - - 1 1
Bossche Volkspartij - - - - - 3 2 -
Stadspartij Knillis 1 1 2 1 1 - - -
Trots op Nederland - - - - 2 - - -
AOV/Uny55+ 1 1 - - - - - -
Totaal 39 39 39 39 39 39 39 39

Boargemaster is sûnt 2017 Jack Mikkers (VVD).

Susterstêden bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

  Commons: 's-Hertogenbosch – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noard-Brabân
 
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Alfen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Haaren - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert
wizigje