De Dongeradielen (gemaal)

De Dongeradielen is in gemaal yn Iezumasyl dat it wetter fan de Suderie yn de Lauwersmar pompt.

It gemaal De Dongeradielen
Noarkant fan it gemaal
It gemaal ûnder de restauraasje, 2015

It gemaal is oanlein yn 1931 troch it wetterskip De Polder fan East- en Westdongeradiel om de ôfwettering fan it poldergebiet te ferbetterjen. Yn deselde tiid is ek de slús fergrutte en fernijd. It gemaal pompt it wetter út de Suderie yn de skutkolk fan de slús.

It gemaal hat trije pompen dy't eltse minút meielkoar hast 1 miljoen liter wetter út de polder de Lauwersmar ynpompe kinne. Yn 1979 is it gemaal automatisearre. As it wetter op in bepaalde hichte stiet, begjinne de pompen automatysk te wurkjen.

It gebiet dat troch it gemaal drûchhâlden wurdt leit tusken de Waadsee, Holwerter Feart, Dokkumer Ie, Dokkumer Djip en de Lauwersmar. Dit gebiet komt gruttendiels oerien mei de hiele eardere gemeente Dongeradiel.

Yn 2017 wie de technyske en boukundige renovaasje, dy't in pear jier duorre hie, ree. Dêrby is rekken holden mei de kultuerhistoaryske wearde fan dit ryksmonumint. De Nederlandse Gemalen Stichting (NSG) wie dêr sa oer te sprekken dat Wetterskip Fryslân de Gemalenpluim 2017 tawiisd krige.[1]

De âlde pompen bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wetterskip krijgt pluim voor renovatie Dongeradielen, s. 27 Frysk Deiblêd, 11 nov. 2017