De Lytse Jouwer (Nederlânsk en offisjeel: Hiaure) is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De Lytse Jouwer leit noardlik fan Dokkum, eastlik fan Foudgum, westlik fan Hantumerútbuorren en besuden fan Hantum. De Lytse Jouwer hat 70 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn leit benammen oan de Hantumerwei by it terpke dêr't de tsjerke op stiet.

De Lytse Jouwer
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 70 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 2,47 km², wêrfan:
- lân: 2,44 km²
- wetter: 0,02 km²
Befolkingsticht. 29 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 20' N 6° 01' E
Offisjele webside
Side 4hdoarpen
Kaart
De Lytse Jouwer (Fryslân)
De Lytse Jouwer

De buorskip Lytse Leard heart ek by De Lytse Jouwer.

Skiednis bewurkje seksje

Der bestiet gjin ienriedigens oer it ûntstean fan de plaknamme. It soe wêze kinne dat de namme fan it Aldfrysk wurd joerd' komt, dat 'plak' betsjut.

Om 1230 wurdt yn in Latynske boarne it plak 'Jeure' neamd, mar it is net wis oft dêr De Lytse Jouwer mei ornearre waard. Yn 1459 waard it doarp 'Hiouren' neamd, yn 1488 'upper Hyowr', yn 1505 'Hyauwre', yn 1511 'op ter Jouwer' en yn 1664 as 'Op de Jouwere'. De tafoege lytse is om it plak te ûnderskieden fan it folle gruttere De Jouwer.

 
Hantumerwei

De terp fan it doarp is net heech terp en dat soe der op tsjutte dat dy nei 1000 opsmiten waard, doe't der útein set waard mei it oanlizzen fan diken. Yn dy tiid spielde de see noch geregeldwei oer it kwelderlânskip. Mei't de see op it iene plak mear slyk oanfierde as op oare plakken ûntstienen ferhegings. De huzen waarden, om drûch wenje te kinnen, op dy hichten yn it lân boud. Op plakken dêr't hichten net fier fan elkoar ôf leinen koe in terp boud wurde troch de leechte dertusken op te foljen. Yn De Lytse Jouwer leinen dy hichten lykwols te fier útinoar om der ien terp fan te meitsjen, wêrtroch't pleatsen en huzen in ein fan elkoar leinen. Oan ûnder oaren De Lytse Jouwer is noch te sjen hoe't it earste begjin fan doarpsfoarming west hawwe moat.

Foar de reformaasje foarme De Lytse Jouwer mei Raard, Foudgum en Boarnwert ien parochy, wylst de pastoar yn Boarnwert wenne, Nei de reformaasje waarden allinne de gemeenten De Lytse Jouwer en Boarnwert kombinearre en stie de pastorij op 'e Lytse Jouwer. De wente njonken de tsjerke is de yn 1901 boude pastorij. It efterhûs is lykwols âlder en stamt fan 1751. In klokfoarmige sierlist boppe de tagong fan de âlde pastorij ferhûze by de ferbou fan de pastorij nei de tagong fan de tsjerke fan Boarnwert.

It doarp is altyd lyts bleaun en hat lang wat isolearre lein. Oan 'e ein fan de 19e iuw kaam der in dyk fan De Lytse Jouwer nei Hantum en Dokkum.

De trije states dy't ea op 'e Lytse Jouwer stien ha, wiene al foar 1845 ferdwûn.

Sûnt 2019 leit De Lytse Jouwer yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.

De tsjerke bewurkje seksje

 
De yn 1869 ôfbrutsen midsiuwske tsjerke (1722)
  De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan De Lytse Jouwer.

De tsjerke fan no is fan 1869 en ferfong de âlde tsjerke fan dowestien. De Lytse Jouwer hat lang in tsjerklike kombinaasje foarme mei Boarnwert. Under oaren stie dûmny Jan Althuysen dêr. In skoft ferlyn is der in kombinaasje mei Hantum kommen.

Mienskip bewurkje seksje

De ynwenners fan De Lytse Jouwer fiele harren ferbûn mei de ynwenners fan Hantum, Hantumerútbuorren en Hantumhuzen. Dy fjouwer doarpen wurde ek wol de '4H-doarpen' neamd. De doarpen jouwe ek mienskiplik it doarpsblêd 'Hichtepunten fan de 4H-doarpen' út. It doarpshûs 'Ald Skoalle' fan de 4H-doarpen stiet yn Hantum.

Tsjerke bewurkje seksje

Skoalle bewurkje seksje

 
Eardere skoalwente

Fan 1608 oant 1899 hie it doarp in eigen skoalle. Ynearsten stie de skoalle efter de tsjerke. It doarp krige yn 1883 in nije skoalle mei in skoalmasterswente oan 'e Hantumerdyk. De skoalle bestie mar út ien lokaal en waard al yn 1899 wer sletten. Nei de ferkeap fan de wente en de skoalle waar it skoalgebou ôfbrutsen en ferfongen troch in boereskuorre. De bern fan 'e Lytse Jouwer geane no nei de kristlike basisskoalle De Fjouwerhoeke yn Hantumhuzen.

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2005 2020 2022
Ynwenners 124 119 91 87 87 83 70 70
 
De Wylgen

Wapen bewurkje seksje

It wapen hat in skeaf hjouwer, de ljippen binne ôfkomstich fan it wapen fan dûmny Schregardus, dy't yn de 19e iuw 40 jier dûmny yn De Lytse Jouwer west hat.

Strjitten bewurkje seksje

 
Pleats oan de Hantumerwei

De Ham, De Wylgen, Hantumerwei, Krûdikker, Lytse Leasterdyk.

Publikaasje bewurkje seksje

  • Wurkgroep fan 7 persoanen mei as foarsitter Jelle Jan de Wilde: " Oerliz is it heale wurk..., Stinnen de oare helte"

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Noardeast-Fryslân
 
Stêd: Dokkum

Doarpen en útbuorrens: AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum

Buorskippen: Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden