De Snieman, yn it oarspronklike Deensk: Sneemanden, is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn 1861, as ûnderdiel fan 'e samling Nye Eventyr og Historier: Anden Række ("Nije Mearkes en Stoarjes: Oarde Rige"), yn 'e mande mei seis oare mearkes (Tolve oer de Post, De Toarre, Wat Heit Docht, Is Altyd Bêst, De Stien fan de Wize, Yn it Einehok en De Goadinne fan de Nije Iuw). De Snieman is ien fan Andersen syn minder bekende mearkes, mar waard yn 1943 dochs troch Douwe Tamminga oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes.

De Snieman
algemiene gegevens
oarspr. titel Sneemanden
auteur Hans Christian Andersen
taal Deensk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke
1e publikaasje 1861, Kopenhagen
oarspr. útjwr. C.A. Reitzels Forlag
bondel Nye Eventyr og Historier:
   Anden Række
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Snieman
publikaasje 1943, Assen
útjouwer Van Gorcum & Co.
oersetter Douwe Tamminga

Ynhâld bewurkje seksje

It mearke iepenet as de snieman yn 'e tún fan in hearehûs de sinne ûndergean en de moanne opkommen sjocht. Hy is noch mar in dei âld en wit nearne net fan. Syn iennichste selskip is de hiemhûn, dy't oan 'e keatling leit by syn hûnehok. De hûn leit him út wat de sinne en de moanne binne en foarseit in waarsferoaring, dy't er oan syn efterpoat oankommen fiele kin. De oare moarns kuieret der in pearke troch de tún, en de hûn leit de snieman út dat dy mei koarten "yn ien hûnehok" komme te wenjen en dan "tegearre bonksobje sille". Dêrtroch komme him de bettere tiden yn 't sin, fan foar't er ien fan 'e jonkers yn 'e skonk biet, doe't er noch yn it keammerke fan 'e húshâldster ûnder de kachel sliepte.

 
In yllústraasje fan om 1870 hinne.

De snieman kin fan syn plak ôf krekt troch it rútsje kypje, en wurdt binnendoar de kachel gewaar, dy't er daliks as froulik beskôget. Hy wurdt fereale op 'e kachel en langet dernei om by har yn 'e keamer te wêzen, mar de hûn warskôget him dat er fuortteie soe as er dat ea oprêde soe. De hiele dei lang stoareaget de snieman ljuensk troch it rútsje nei de kachel. As it skimerich wurdt, begjint de kachel te gloeien en de gloede falt troch it rút op it gesicht en boarst fan 'e snieman. Hy is alhiel yn 'e sânde himel. Moarns ier, lykwols, is it rút oerdutsen mei iisblommen, en kin er de kachel net sjen. Dan is er sa ûnwennich fan har dat er net iens mear nocht hat oan it froastwaar.

Einlings en te'n lêsten komt dan de waarsferoaring dy't de hûn al foarsein hie: it wurdt waarmer en begjint te teien, en de snieman sakket yninoar. Dan sjocht de hûn dat de bern him om in kachelskraber hinne makke hiene, en begrypt er einlik de leafde fan 'e snieman foar de kachel. Mar de fammensbern fan it hûs sjonge in maitydsliet en de snieman is harren alhiel fergetten.

Eftergrûn bewurkje seksje

Hoewol't Andersen sels úthold dat De Snieman in ienfâldich mearke wie, is it dreech en leau him op syn wurd, mei't er der sokke ûnbedutsen byldspraak yn brûkt hat. It is nammentlik in fêststeand feit dat Andersen sels syn hiele libben besocht hat om 'e iene nei de oare frou foar him te winnen, wat eltse kear spektakulêr mislearre, sadat er inkeld ûnbeäntwurde leafde kend hat. En dêrnjonken wied er biseksueel en besocht er it ek oan te lizzen mei manlju, mei net folle better resultaat.

Andersen syn biograaf Jackie Wullschlager leaut dat De Snieman yn elts gefal foar in diel it produkt wie fan Andersen syn leafdesfertriet oer Harald Scharff, in kreaze jonge dûnser fan it Keninklik Teäter yn Kopenhagen, mei wa't Andersen begjin jierren sechstich (fan 'e njoggentjinde iuw) in românse hie.[1] In oare biograaf fan Andersen, Alison Prince, beskôget de kachelskraber dy't oan 'e ein fan it mearke ýn de snieman fûn wurdt as "sa'n sterk homo-eroatysk byld dat it net bestiet dat men it oer de holle sjen kin."[2]

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Wullschlager, Jackie, Hans Christian Andersen: The Life of a Storyteller, s.373, 379.
  2. Prince, Alison, Hans Christian Andersen: The Fan Dancer, s. 339.

Boarnen

  • Andersen, Hans Christian, Andersen's Folksforhalen en Mearkes, Assen, 1943 (Van Gorcum & Comp. N.V. Utjowers), sûnder ISBN-nûmer.

sekundêre boarnen

  • Prince, Alison, Hans Christian Andersen: The Fan Dancer, Londen, 1998 (Allison & Busby), ISBN 0 74 90 04 789.
  • Wullschlager, Jackie, Hans Christian Andersen: The Life of a Storyteller, Chicago, 2002 (University of Chicago Press), ISBN 0 22 69 17 479.