De Tonderdoaze, yn it oarspronklike Deensk: Fyrtøjet, is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn 1835, as ûnderdiel fan 'e samling Eventyr, Fortalte for Børn: Første Hefte ("Mearkes, Ferteld foar Bern: Earste Boek"), yn 'e mande mei trije oare mearkes (Grutte Klaas en Lytse Klaas, De Prinsesse op 'e Earte en De Blommen fan Lytse Ida). De Tonderdoaze is ien fan Andersen syn bekendere mearkes, dat de skriuwer basearre op in Skandinavysk folksferhaal. It waard yn 1943 troch Douwe Tamminga oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes.

De Tonderdoaze
algemiene gegevens
oarspr. titel Fyrtøjet
auteur Hans Christian Andersen
taal Deensk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke
1e publikaasje 1835, Kopenhagen
oarspr. útjwr. C.A. Reitzels Forlag
bondel Eventyr, Fortalte for Børn:
   Første Hefte
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Tonderdoaze
publikaasje 1943, Assen
útjouwer Van Gorcum & Co.
oersetter Douwe Tamminga

Ynhâld bewurkje seksje

Yn De Tonderdoaze komt in earme soldaat werom út in oarloch. Underweis moetet er in âld hekse, dy't him freget om foar har yn in holle beam te klimmen mei as doel om har tonderdoaze foar har op te heljen. Hy mei alles wol meinimme dat er dêr fierders fynt, salang't er har de tonderdoaze mar jout. Underoan yn 'e holle beam fynt de soldaat in ferburgen tagong ta trije keamers, dy't fol lizze mei koperjild, resp. sulverjild en goudjild, en bewekke wurde troch trije ûnbidige hûnen, de iene noch grutter as de oare. De soldaat docht de bûsen fol mei goudene munten en bringt de hekse de tonderdoaze. Mar as hja net sizze wol wat se der mei wol, slacht er har mei syn sabel de holle ôf.

De soldaat giet nei stêd ta. Dêr jout er in part fan syn rykdom wei oan 'e earmen en fergriemt er de rest. Hy heart fan in tsjeppe prinsesse, dy't neffens in profesije trouwe sil mei in sljochtwei soldaat, en dy't om dat foar te kommen troch har heit en mem, de kening en de keninginne, yn in toer opsletten is. Hy is wol nijsgjirrich nei har, mar beseft dat se foar him ûnberikber is. Nei ferrin fan tiid rekket er troch syn jild hinne en moat er op in tsjustere souder omhúsmanje. Dêr komt de tonderdoaze him wer yn 't sin, en hy slacht der fjoer mei om 'e souder te ferljochtsjen. Dan ûntdekt er dat it in magyske tonderdoaze is, en dat er op dy manear de trije hûnen ûntbiede kin, dy't dogge wat er seit. Hy oarderet harren om him mear jild te bringen, dat op 'e nij libbet er it goede libben.

 
Hans Christian Andersen.

Op in nacht moat er wer tinke oan 'e tsjeppe prinsesse, opsletten yn har toer, en hy wol har wolris sjen. Dat hy slacht wer fjoer en stjoert de lytste fan 'e trije hûnen om har by him te bringen. As dy dat docht, wurdt har skientme him suver oermânsk, dat hy jout har in tútsje — hy is op 't lêst soldaat — en oarderet de hûn om har wer werom te bringen. De oare deis fertelt de prinsesse oan har heit en mem fan 'e nuvere dream dy't se dy nachts hân hat. Sels hat se der hielendal gjin euvelmoed yn, mar de kening en de keninginne rûke ûnrie. Fan dy tiid ôf litte se har nachts bewekje. De soldaat jout nachts hieltyd wer ta oan syn oanstriid om 'e prinsesse te sjen, mar de slûchslimme hûn wit de prinsesse har bewekkers noch in kear op 'e doele te bringen. Uteinlik ûntdekke de kening en de keninginne lykwols dochs wêr't de prinsesse nachts hinne brocht wurdt, en de soldaat wurdt yn it hûnegat smiten en ta de dea feroardiele.

Op 'e dei fan syn terjochtstelling stjoert de soldaat in skuonmakkersfeintsje, dat er tusken de traaljes fan it iennichste finster, heech yn syn tichthús, beroppe kin, om syn tonderdoaze op te heljen. Neitiid, as er al mei de stroppe om 'e hals op it skavot stiet, fersiket er om in lêste winsk: hy wol graach noch ien kear smoke. It fersyk wurdt ynwillige, mar as er fjoer slacht, ferskine de trije grutte hûnen, dy't er befel jout om rjochter, riedslju, kening en keninginne dea te dwaan. De hûnen bite harren allegear yn 'e krage en slingerje se dan sa heech de loft yn, dat se te pletter falle. De soldaat wurdt dêrnei troch it folk ta kening útroppen en trout mei de prinsesse. De hûnen krije op 'e brulloft in eareplakje oan 'e tafel.

Keppelings om utens bewurkje seksje

(in) De Tonderdoaze op Wikisource

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Andersen, Hans Christian, Andersen's Folksforhalen en Mearkes, Assen, 1943 (Van Gorcum & Comp. N.V. Utjowers), sûnder ISBN-nûmer.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, Footnotes en References, op dizze side.